dinsdag 23 december 2014

Taaldiskriminaasje yn de eardere Sovjet Uny

Op it stuit is de politike situaasje fan Oekraïne in soad yn it nijs. Wat net in soad yn it nijs is, is dat it konflikt ek in grutte taalkomponint hat. Oekraïne wie jierrenlang part fan de Sovjet Uny west. It seit himsels dat der dêrom in soad minsken wenje dy't Russysk prate. Lykwols wurde minsken dy't Russysk sprekke slim diskriminearre en it is faak ferbean om Russysk te praten. Dat set kwea bloed by de Russysktaligen. In selde soarte fan ûntjouwing fine wy yn Letlân. 40% fan de befolking dêr praat Russysk. Yn de tiid fan de Sovjet Uny waard it Letsk krekt as de oare minderheidstalen ûnderdrukt. No is in omkearde beweging oan de gong en wurde de Russysktaligen diskriminearre. Sa mei it Russysk fan 2018 ôf net mear op skoalle brûkt wurde en geane de skoallen dy't yn it Russysk dosearje ticht. De Russysktaligen fiele harren oantaast yn harren identiteit en it ropt in soad wjerstân op. Foardat je it witte bart yn Letlân itselde as wat no yn Oekraïne bart. It is net foar neat dat lannen dêr't de minste konflikten binne, lannen binne dy't yn harren taalbelied positive oandacht hawwe foar minderheidstalen.

woensdag 3 december 2014

Lishoarnen út Livorno?

Guon wurden binne sa ferbastere dat je de oarspronklike wurden net mear weromkenne: Yn en om Drachten sizze de minsken tusearte foar (griene) beantsjes. Dat komt fan Turkse earte. Stynske weet is mais en komt fan Eastynjeske weet (‘Oostindische tarwe’). ‘Leg’ yn it Nederlânske ‘leghorn’ hat neat mei ‘leggen’ (lizze, aaien lizze) te meitsjen, nee it hinneras ‘leghorn’ is in ferbastering fan de Italiaanske plaknamme Legorno (hjoed-de-dei bekend as Livorno). Gouden lyskes binne apels fan it ras golden delicious. En titelroas (‘narcis’) komt fan ‘tideloas’ dat wer fan it Nederlânske ‘tijloos’ komt (fgl. ‘herfsttijloos’).

donderdag 27 november 2014

Poëtyske skimmels of skimmelige poëzy?

No’t it hjerst is, binne se wer op in soad plakken te sjen: poddestuollen. Guon fan dy skimmels drage hiele fraaie nammen. Hjir foar jim in lytse seleksje. Bygelyks it sompemoas-fjoerswamke, de puntmûtswaaksplaat en it sabeare feeëbankje. Guon nammen alliterearje sa moai dat se poëtysk oandogge: swarte skûtelbonkjeswam, stipstâlslymkop, ploaiplaatswamke. Der binne poddestuollen by dy’t neamd binne nei dingen: de biskopsmûtse en it filtich judasear bygelyks. En wat te tinken fan de donkere trompetswam? Der binne ek poddestuollen dy’t nei iten neamd binne. Rint it wetter jim al yn de mûle fan de bittere tsiisswam en de filtige maggyswam? Of dochs leaver in brunesûkerswam of in fiskswam?

woensdag 19 november 2014

Les dyn les

Ut ûndersyk docht bliken dat yn it Frysk twitterjende jongerein de dakjes en streekje net op de letters set. Wat in geseur, dy dakjes en streekjes: twa kear safolle toetsen yndrukke! Mar dakjes en streekjes helpe om de wurden goed te begripen: ferlykje ‘les dyn les ris wer’ mar ris mei ‘lês dyn les ris wer’. Men kin sizze: wat binne dat luie lju, dy twitterders, mar miskien kinne wy ek in nije stavering foar twitter ûntwerpe om misferstannen tefoaren te kommen. Kinne wy in nij, maklik teken op it toetseboerd foar de ê betinke, om lês en les útinoar te hâlden?

woensdag 12 november 2014

In profesjonele styl

It Fryske wurd styl (fêste, gebrûklike wize fan dwaan/gehiel fan karakteristike útdrukkingsfoarmen) is yn it Hollânsk stijl. Dy taal hat ek it (fer)âldere wurd stiel, mar dat is hiel wat oars: beroep, ambacht. In Fryske sjongeres hat yn in fraachpetear mei in sjoernalist fan in Hollânsktalige krante wat sein oer har wize fan sjongen. “Dat is mijn stiel.” stie der te lêzen. Yn it stikje gong it lykwols net oer it fak, mar oer de ‘zangstijl’. Soe sy faaks by fersin styl (frisisme) tsjin de kranteman sein hawwe, wylst se stijl bedoelde?

woensdag 5 november 2014

Fan hang- en hingelmatten

It Nederlânske wurd ‘hangmat’ komt net fan ‘hang’ en ‘mat’, mar fan it Spaanske ‘hamaca’, dat ûntliend is oan it Taino, de taal fan de Arawak-yndianen op Haïty. It betsjut ‘hingjend sliepplak’. It is in moai foarbyld fan folksetymology. It moaiste is noch dat ‘hangmat’ yn it Frysk oerset is ta ‘hingelmatte’. It taalpuristyske, hyperkorrekte ‘hingelmatte’ is perfoarst gjin grap: it bestiet al sûnt 1850 yn it Frysk en is as serieus wurd opnommen yn de Fryske wurdboeken.

woensdag 29 oktober 2014

Is lompe ferrifeljend?

Yn it bekende(?) Hollânske berneferske ‘Hannes loopt op klompen’ komt in moai rymwurd foar: ‘Hij laat zich niet lompen.’ Lompe is ek Frysk en betsjut mank, kreupel rinne (ferlykje hompelje). Mar lompe betsjut yn it Nederlânsk en Frysk ek ferrifelje en dat wurdt yn it ferske bedoeld. 
As wy alle nuânses fan goedmoedich misliede oant swier bedrage byinoar swylje, hat it Frysk in hiel soad wurden op dat mêd. Bekenden lykas misledigje, lasterje, ferbjusterje, beduvelje, be(soade)miterje en ek minder bekende lykas affrontearje (affront = mislediging), smouzje, tritrotsje (narje). Wêrom wurde sokke wurden hast net mear brûkt, sels net yn ’e polityk?

woensdag 22 oktober 2014

It Frysk is tige Europeesk

Wa’t tinkt dat it Frysk him beheint ta Fryslân, hat it mis. Fansels, je kinne mei ús Westerlauwersk Frysk faak net yn oare parten fan Nederlân of Europa telâne, mar it Frysk giet wol deeglik de grins oer. It Frysk en Fryslân is ûnder oaren fertsjinwurdige yn in tal fan Europeeske netwurken dy’t harren ynsette foar minderheidstalen. Foarbylden fan sokke Europeeske netwurken binne:
Dy netwurken moetsje inoarren gauris yn Europa om oer de posysje fan minderheidstalen yn Europa te praten. It NPLD wie yn juny 2014 te gast yn Fryslân.

woensdag 15 oktober 2014

Tegeltsjeswiisheid

In bekende Fryske tegeltsjeswiisheid skriuwt ús foar om in sinnestriel te wêzen. Opfallend is dat yn dat sechje it belang fan de oar foarop steld wurdt: "Wês in sinnestriel, in oar hat der ferlet fan." Meastentiids wurdt yn gedrachsregels júst it eigenbelang ûnder wurden brocht. Minsken binne nammentlik it bêste oer te heljen ta gedrachsferoaring at se der sels baat by ha. Al yn midsieuske etiketteboeken wurdt stelselmjittich oandacht bestege oan de foardielen fan goed wêze foar in oar.

woensdag 17 september 2014

Hûnewippers

Hast alle doarpen en stêden hawwe in skelnamme. Ljouwerters binne galgelapers, en yn Berltsum wenje Berltsumer hûntsjes. Faak sit der in ferhaal efter de oarsprong fan sa'n namme. Ynwenners fan Rinsumageast bygelyks binne hûnewippers. It hûnewippen wie earder in spultsje dat op ‘e Geastmer merke spile waard. Losrinnende hûnen waarden fongen en mei in tou om ‘e nekke oer de feart hinne ‘wipt’ of gisele. Manlju stiene dan klear om de hûn op te heinen, mar de hûn koe ek te pletter slaan tsjin de brêge. Dit wreed fermeits bestiet al lang net mear, mar yn de skelnamme wurdt it de ynwenners fan De Geast (mei rjocht en reden?) noch altyd neidroegen.

woensdag 10 september 2014

In bysûndere lieder

Mei it wurd lieder kin gids of liedsman bedoeld wêze, mar ek in kloklieder. It iene komt fan liede, Nederlânsk ‘leiden’, it oare fan ‘luiden’. In snieklokje is dat lytse wite blomke dat offisjeel in ‘liderke’ neamd wurdt. It bloeit al ier yn ‘e maitiid en faak leit der dan noch snie. Om syn kleur soe it blomke net opfalle. It soe wêze kinne dat yn ferbân mei it klokje de namme ‘liderke’ eins liederke (‘luidertje’) wêze moat. Mar dat is net sa: liderke komt fan lider, dat ‘lijer’ betsjut en it doelt derop dat it ‘earme’ plantsje yn de snie der lijerich útsjocht.

woensdag 3 september 2014

Protest

Yn ferskate Europeeske lannen gean de lêste tiid sprekkers fan in minderheidstaal de strjitte op om te demonstrearjen foar mear rjochten foar harren eigen taal. Op 9 april 2014 wie der yn Baskelân in demonstraasje tsjin de bemuoienis fan it Spaanske regear oangeande de Baskyske taal. Kataloanje ken ek in lang proses fan taalstriid, dy’t him faak yn it iepenbier ôfspilet. Yn Bretanje (Frankryk) binne de lêste jierren gauris demonstraasjes om op te kommen foar it Bretonsk en mear autonomy, de lêste wie yn maart 2014. Op 12 april 2014 gongen tûzenen minsken yn Belfâst (Ierlân) de strjitte te op om te pleitsjen foar mear rjochten foar it Iersk-Gaelic. Yn Fryslân demonstrearje we net gau foar ús eigen taal. De lêste grutte publike demonstraasje wie de romromfte Kneppelfreed yn 1951. Yn 2008 setten noch twa bussen Friezen ôf Nei Den Haach om te pleitsjen foar Frysk yn de Grûnwet.

woensdag 27 augustus 2014

Een lidwurd

Ien fan de earste dingen dy't je leare oer it Frysk, is dat it lidwurd ‘een’ yn it Frysk as ‘in’ skreaun wurdt. Gjin drege regel, mar ek wer wol. Om't hast alle Friezen mear Nederlânsk as Frysk lêze en skriuwe, is it wurdbyld fan ‘een’ folle sterker as dat fan ‘in’. En sa kin it samar dat der op in Frysk bertekaartsje stiet: ‘Wy binne bliid en wolle hiel lûd roppe: wy ha een lytse poppe!’

woensdag 20 augustus 2014

hjeldagen

De hjeldagen binne wer foarby, sizze wy nei krysttiid of nei de peaske- of pinksterdagen. Foar in gewoane frije dei wurdt ek wol sein dat it in healdei is.
Dat ‘hjel’ yn hjeldei giet tebek op Aldfrysk ‘hēliga’ en betsjut hillich. In hillige dei dus, en de kristlike feestdagen wurde ek yn it bûtenlân wol as hillige dagen oantsjut: it Dútske Heiligabend is de jûns foar de earste krystdei. En it Ingelske holiday betsjut alderearst ek (kristlike) feestdei. Mar krekt as dat ús hjeldei ek frije dei betsjut, is holiday yn Ingelân in frije dei of in fakânsjedei.

woensdag 13 augustus 2014

Moochlik is ek bêst mooglik

Stavering is in kwestje fan regels. Mar om't der yn in protte gefallen mear staveringsregels fan tapassing wêze kinne soenen, is it ek in kwestje fan kiezen. Hokfoar staveringsregel hat de foarkar? In wurd as draachlik wurdt stavere mei in ch foar -lik, omdat de stam fan it tiidwurd drage ek in ch oan ‘e ein hat: ik draach. Yn oare gefallen wurdt foar -lik in g skreaun. Mooglik, deeglik en daagliks krije in g (it giet by dy trije wurden net om de tiidwurdsstam dy't op ch einiget: ‘ik mooch, ik deech, ik daach’, dat kin net!). Mar sprekke wy it g-lûd foar -lik net altyd stimleas (as ‘ch’) út?! Op grûn fan de útspraak is in dúdlike regel as ‘altyd ch foar lik’ dochs bêst mooglik; ja, moochlik.

woensdag 6 augustus 2014

Wet gebruik Friese taal

Op 1 jannewaris 2014 is de nije Wet gebruik Friese Taal fan krêft wurden. Dy wet hat ta doel om de lykweardigens fan it Frysk en Nederlânsk yn de provinsje Fryslân te befoarderjen, benammen yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear. Guon bepalingen yn dy wet binne net nij. As boarger hienen je al it rjocht om tsjin in bestjoersorgaan (gemeente, provinsje, plysje, belestingtsjinst en gean sa mar fierder) yn it Frysk te praten of skriftlik yn it Frysk te kommunisearjen. Dat in soad organisaasjes net op de hichte wienen fan dy al besteande bepalingen yn de wet, is in oar ferhaal. As boarger hienen jo ek al it rjocht om it Frysk te praten yn de rjochtseal. De Wet gebruik Friese taal kin dus benammen sjoen wurde as in gearfetting fan al besteande rjochten yn ien nije wet. Ofsûnderlike bepalingen oer it Frysk yn de Algemene Wet Bestuursrecht en Wet Friese taal in het rechtsverkeer, binne no net mear nedich.
http://wetten.overheid.nl/BWBR0034047/geldigheidsdatum_06-08-2014

woensdag 30 juli 2014

Efkes skoftsje

It Frysk hat twa ferlytsingsfoarmen foar wurden dy't útgeane op -ft. Skoft hat bygelyks skoftsje en skoftke (sprek út as ‘skofke’). Yn ’e foarige ieu koe noch in frij dúdlike regionale ferdieling tusken dy beide farianten oanwiisd wurde. Yn it westen fan Fryslân wie it skoftke, want dêr wurdt ferfalt de t (‘skofke’) en dan kriget it ferlytsingswurd -ke. Yn it easten ferfalt de t net, en efter in t kriget in ferlytsingswurd -sje: skoftsje. Dy ferlytsingsfoarmen fan skoft komme beide noch wol foar, mar binne dy noch bûn oan ûnderskate regio's, of komt yn it westen de foarm skoftsje ek hieltyd mear foar?

woensdag 23 juli 2014

Spoeketaast

‘Spoeketaast’ is it Fryske wurd foar ‘moedervlek’. It Frysk hat ek noch de wurden ‘inkelplak’, ‘leverplak’ en ‘deaplak’. Lykwols neamt hast elk sa'n brún plakje in ‘moederflek’. Troch de bank hat elkenien ûngefear 25 spoeketaasten. Hoewol't de namme ‘moedervlek’ oars suggerearret, ha wy spoeketaasten net al by de berte, mar krije wy dy pas mei ûngefear trije jier. 

Klik op spoeketaast om te sjen wat it Wurdboek fan de Fryske taal seit (set in finkje yn de hokjes ‘subbetekenissen’ en ‘citaten’).

woensdag 16 juli 2014

Fjilden?

‘It foarste fjil fan 'e fyts lei op 'e wei.’ Dy't net út Drachten of omkriten komt sjocht miskien apart tsjin dat sintsje oan, want moat dat ‘fjil’ net ‘tsjil’ wêze? Nee, dat hoecht net. Yn de súdlike Wâlden is ‘fjil’ of ‘fjild’ de gewoane foarm foar wat oars yn Fryslân tsjil is. ‘Fjil(d)’ giet tebek op it Aldfryske ‘fiāl’ en dat kin wer ferbûn wurde mei Nederlânsk ‘wiel’ en Ingelsk ‘wheel’. Yn it Dútsk bestiet it wol as ‘Wehl’, mar dy taal brûkt foar tsjil dochs meast ‘Rad’. It moderne Frysk hat dus meast ‘tsjil’. Fierder hawwe wy noch ‘wiele’ dat foarkomt yn bygelyks ‘spinwiele’.

Klik hjir foar fjil yn it Wurdboek fan de Fryske taal (finkjes sette foar 'subbetekenissen' en 'citaten' om it hiele artikel sjen te kinnen)

woensdag 9 juli 2014

Berber

De famkesnamme Berber komt gauris foar yn Fryslân. Op de site fan it Meertens Ynstitút, dêr’t in database fan foarnammen byhâlden wurdt, is te sjen dat de namme Berber yn de provinsje Fryslân mear foarkomt as yn oare Nederlânske provinsjes. Ta fergelyking: yn de gemeente Ljouwert komt de namme Berber 159 kear foar. Yn de gemeente Rotterdam is dat mar 17 kear (sifers 2010). It liket dat Berber in typysk Fryske namme is. At je lykwols sjogge nei de betsjutting fan de namme Berber dan ferwiist it nei de folksnamme ‘Berbers’ yn Noard-Afrika. Op de website heitenmem.nl wurdt der as betsjutting ‘vreemdeling’ oan jûn. Taalbaas is benijd hoe’t it komt dat krekt de namme Berber sa’n soad yn Fryslân foarkomt. Witte jim it?

Voornamenbank Meertens Instituut

woensdag 2 juli 2014

Komt hy en giet er?

As er it sá docht, docht er it goed. Yn it Frysk feroaret hy yn er as it efter in wurd komt. It is: ‘hy komt’ en ‘dêr komt er’ en ek: ‘wannear't er komt’. Yn it Hollânsk feroaret hij yn ie, mar dat is foaral sprektaal. It is opfallend dat yn beide talen it gebrûk fan hy/hij tanimt yn situaasjes dêr't er of ie gebrûklik is. Dat bart sawol yn skreaune as yn sprutsen taal. Foar it Hollânsk kinne wy sizze dat de skriuwtaal de sprektaal beynfloedet. As wy foarlêze, sprekke wy ommers út wat der stiet! Mar foar it Frysk giet dy redenaasje net op, want as der er stiet, sille we ek er lêze.

vrijdag 16 mei 2014

Himpen finster



By Omrop Fryslân lêze wy geregeld dat der in ‘hennep’kwekerij oprôle is. Hennep is gewoan in hollanisme foar ‘himp’ of ‘hinnep’. Yn Standertnederlânsk is it hennep, mar yn Súd-Nederlân komt ek ‘kennep’ of ‘kemp’ foar. Oan dy k kin sjoen wurde dat dit wurd yn 'e fierte noch famylje is fan it wurd ‘kannabis’.
Behalven foar drugs wurd himp ek as grûnstof foar tou en klean brûkt. De iroanyske útdrukking ‘immen troch it himpen finster sjen litte’ betsjut immen ophingje; de strop is nammentlik makke fan himp. Himp is in moai Frysk wurd dat wy net samar ferfange moatte troch 'hennep', want sis no sels: ‘immen troch it hennepen finster sjen litte’, dat liket dochs nearne nei?

vrijdag 25 april 2014

Moai mokkeltsje

It Nederlânske wurd mokkel betsjut neffens Van Dale 'dik, mollig kind' en ek 'geliefde' en 'meisje in het algemeen'. It Frysk hat it Nederlânske 'mokkel' oernommen. It liket derop dat it Frysk net de betsjutting fan 'dik, mollig kind' liend hat, mar wol dy fan 'in kreas, lekker frommes, in aardige jongfaam'. Yn sitaten fan Fryske skriuwers komt it meast yn de ferlytsingsfoarm 'mokkeltsje' foar: 'Moaie en leave mokkeltsjes dy't har troch ús thúsbringe litte woene (Piter Boersma). Yn 'Gryt wie it mokkeltsje fan Jan' is Gryt de faam ('vriendin') fan Jan. Noch in fraach: wat sizze jo, de mokkel of it mokkel?

donderdag 17 april 2014

Jiertallen útsprekke


As in artikel yn 'e winkel € 2,75 kostet, kinne wy dy priis útsprekke as twa fiifensantich. Dat euro hoecht der net perfoarst by. Sa is it ek mei meters en oare ienheden. Mei jiertallen allyksa: de slach by Waterloo wie yn 1815 en dat jiertal kinne wy útsprekke as achttjin fyftjin. Willem-Alexander en Máxima binne troud yn 2002 en dát jiertal sprekke wy ornaris út as twatûzen twa. 


Oan 'e ein fan de tweintichste ieu die de taalkundige Joop van der Horst de foarsizzing dat fan it jier 2000 ôf de jiertallen earst wol de folsleine útspraak krije soenen, mar dat nei ferrin fan tiid dat tûzen yn 'e sprektaal wol ferdwine soe. Syn betinken wie dat dy feroaring om 2015 hinne syn beslach krije soe. Is it no dus skielk twa fyftjin, tweintich fyftjin of sizze jo leaver twatûzen fyftjin?

donderdag 3 april 2014

Winkel

Wat hat in ‘winkelheak’ mei in ‘winkel’ út te stean? No, in ‘winkel’ wie oarspronklik in ‘hoeke’ en in winkelheak is hoekich. It Dútske ‘Winkel’ hat de âlde betsjutting hieltiten noch. It wurd is besibbe oan it tiidwurd ‘winke’ (swaaie), dat fanâlds ‘nei de sydkant gean’ betsjutte. Ynearsten wie in ‘winkel’ dan ek in hoekje op in plein of yn in gebou dêr't dingen ferkocht waarden. Stadichoan ferskode de betsjutting fan it wurd nei ‘gebou mei in ferkeapfunksje’.
Winkel fan Auke Rauwerda, Ljouwert - dêr ferkeapje se grif ek winkelheakken

woensdag 26 maart 2014

Melkfee of molkfee

Wa't troch de provinsje rydt sjocht by de boerepleatsen wol ris buorden stean mei 'molkfeebedriuw' en soms ek 'melkfeebedriuw'. In fûstregel by it kiezen foar melk- of molk- is oft it wat te meitsjen hat mei melke (ik melk de ko) of molke (ik drink molke). By melkfee giet it om it fee dat je melke. By molkfee giet it om fee dat molke jout. It meast gongber is melkfee. De Fryske wurdboeken jouwe ek allinnich mar melkfee. Men mei oannimme dat dat de goede Fryske foarm is.

woensdag 19 maart 2014

Tsjerkespul?

Yn West-Fryslân (provinsje Noard-Hollân) lizze plakken as ‘Bovenkarspel’ en ‘Hoogkarspel’, wylst de provinsje Fryslân de gemeente ‘Achtkarspelen’ hat. Yn dy nammen sit it âlde wurd ‘kerspel’ of ‘kerkspel’. It Dútsk hat ‘Kirchspiel’ en dat is sokssawat as parochy, it gebiet dêr't de ferkundiging fan 'e tsjerke jildt.
Yn 'e rin fan 'e tiid is de betsjutting fan tsjerklike gemeente ferskood nei bestjoerlik gebiet. Yn it Frysk soe it eins ‘tsjerkspul’ wêze moatte; en yndied is ‘Achtzespel en Colmerland’ oerlevere yn it midsieuske traktaat fan 'e sân Fryske Seelannen. Yn it Sealterfrysk komt ek ‘Sespel’ foar b.g. yn Sespeltertp (= tsjerkedoarp). As de gemeente Achtkarspelen ea opgean soe yn in grutter bestjoerlik ferbân, dan soe it probleem fan dy âlde, mar net sa Fryske namme fuort oplost wurde kinne.

woensdag 12 maart 2014

Heeft Taalbaas nog wat te melden?

In 'sprachbund' is de taalkundige term foar in groep talen dy't allegear wurden en konstruksjes faninoar oernimme. Frysk en Hollânsk binne yn Fryslân ek in soarte fan sprachbund. Talleaze hollannismen yn it Frysk en frisismen yn it Hollânsk tsjûgje dêrfan. Ien sa'n frisisme yn it Fryske Hollânsk kin net-Friezen o sa raar oankomme: it oansprekken yn de tredde persoan. In Hollânsktalige Fries kin soms sûnder euvelmoed oan ús freegje: "Heeft Taalbaas nog wat te melden?", wylst de net-Fries dan net begrypt dat Taalbaas mei dy fraach streekrjocht oansprutsen wurdt.

woensdag 5 maart 2014

Stavering of spelling?

It is hjoed-de-dei hiel gewoan om it oer de Fryske stavering te hawwen. Wy staverje wurden en hawwe in staveringshifker. It Nederlânsk hat it lykwols oer spellen, spelling en spellingscontrole. Staverje giet tebek op Aldfrysk 'stavia', in eed dwaan. It Nederlânsk hat noch 'staven': iets met een eed staven.  En yn 'boekstaven' fine wy it ek werom. In 'boekstaaf' waard yn de printerij brûkt: in stêfke dêr't in letter op stiet. 'Stavering' wurdt meast troch skriuwers en wurdboekmakkers brûkt. In hiel âld wurd foar stavering is 'stoaie'. Mar 'spelling' waard fan âlds ek wol yn it Frysk brûkt. Is dat in reden om tenei 'stavering' te ferfangen troch 'spelling'?

zaterdag 1 maart 2014

Karen Bies skriuwt Grut Frysk Diktee 2014

Woansdei 16 april wurdt de finale fan it tolfde Grut Frysk Diktee hâlden. It evenemint fynt lykas wenst plak yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Tekstskriuwer en foarlêzer is dit jier Omrop  Fryslânpresintatrise Karen Bies. Oaninoar of los, Haadletter of net, û of oe, f of v, streekje of gjin streekje, hjerring of hearring, frjemde of âlde wurden? Karen sil de dielnimmers útdaagje om op har iepenst te wêzen foar dat soarte fan tûkelteammen en ûnferwachte ynstjonkers. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering.

Meidwaan oan de finale
Wat moatte jo dwaan om kâns te meitsjen op in finaleplak by it Grut Frysk Diktee? Streekje de flaters yn ûndersteand kwalifikaasjediktee oan en set efter elke sin hoefolle flaters oft jo yn dy sin fûn hawwe. Tel dêrnei alle flaters op en skriuw ek it totaal op. Stjoer it kwalifikaasjediktee mei jo namme, adres, telefoannûmer (en e-mailadres) nei: Diktee 2014, p/a Fryske Akademy, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert. De bêste 40 ynstjoerders wurde útnoege om mei te dwaan oan de finale op 16 april. Jo ynstjoering moat foar 25 maart ynkommen wêze. Finalisten krije yn ‘e wike dêrnei berjocht.

  1. De omslag dy’t revolúsjes tewei bringe kinne somstiden de wrâld sadanich yn disoarder bringe dat neitiid, as der wêr wat oarder yn de gaös kommen is, de wrâld amper mear werom te kinnen is.
  2. Der binne refolten dy’t mei gewelt en fordrukking minskerjochten teskuorre en tegnjidzje; en der binne revolúsjes dy’t sûnder houwerij de boel ûnderstboppe keare.
  3. De Yndustriele Revolúsje mei de feroaring fan de agraryske maatskippij nei de mear megansyke maatskippij mei massaproduksje en kapitalisme makke oarsoartiche slachtoffers as de Russyske Revolúsje, wêr’t geweren en bommen de sfeer bepaalden.
  4. De útfining fan de boekdrukunst is ek sa’n omkear dy’t in sadanigen impakt op de wrâldskiednis hawn hat dat wy, de minsken fan dêrnei, ús amper of net yntinke kinne hoe’t it dêrfoar west hat.
  5. De digitale revolúsje sette út ein mei de útfining fan de kompjoeter, mar de trochbraak kaam mei de yntroduksy fan ynternet, mei de yntree fan apensturt en epost, mei it yndrukken fan ctrl+alt+delete, en mei sms-kes, Whattsapp-en, de snoadfoan en it tablet.
  6. Mei spionnearjende Amearikaanske websneupers en oeral big brother-eftige gnúfkamera’s as moderne strúnjagers is jins privasy net mear feilich.
Oplossings oer de e-mail rjochtsje oan: fryskdiktee@fryske-akademy.nl

woensdag 19 februari 2014

Stiennen brekke

De útspraak fan de 'ie' yn stien feroaret yn it meartal stiennen. De ie wurdt dêr útsprutsen as ji en dat is te sjen oan de dûbele n. It saneamde ôfgeand twalûd [ie] wurdt in opgeand twalûd [ji]. Sa giet it ek mei kies en kiezzen (kjizzen) en mei (breid)priem en priemmen (prjimmen). Dy feroarjende útspraak wurdt brekking neamd.
 

Op 'e Sweach is yn 'e haadstrjitte in winkel mei de namme kiezzel. De útspraak kjizzel leit foar de hân, mar is net faak te hearren. Soenen Fryske klanten fan kiezzel de namme net it leafst mei brekking útsprekke wolle? Sa is it lykwols net bedoeld. Der is yn de winkel mei alderhanne snypsnaren in grutte kar út en de namme komt fan kies sels! Fan kiessel nei kiezzel, mar der is gjin inkeld ferbân mei stiennen of brekking.

http://www.kiezzel.nl/

woensdag 12 februari 2014

Tryater

As jo yn Fryslân wenje, is de kâns grut dat jo wolris in foarstelling sjoen hawwe fan Tryater, it teaterselskip út Ljouwert. Miskien hawwe jo jo ek wolris ôffrege wêr't dy namme 'Tryater' weikomt. Oant healwei de 20e ieu waard in teater ek wol 'tryater' neamd. It is in folksaardige ferbastering fan it Frânske 'théatre', sa't 'perfester' dat wie fan'professor', 'pendaal' fan 'pedaal' en 'pompier' fan 'papier'. No witte wy better en libbet 'Tryater' allinne as eigennamme troch. Yn in eigensinnige stavering, want eins soenen wy 'triater' skriuwe moatte.

woensdag 5 februari 2014

Net oerdriuwe

It wurd oerdriuwe kin útsprutsen wurde mei de klam op oer ('oerdriuwe) en mei de klam op driuwe (oer'driuwe). Leit de klam op oer, dan betsjut it 'foarby driuwe, oer eat hinne driuwe': de wolken driuwe oer. As de klam op driuwe falt, betsjut it 'moaier lykje litte as dat it yn it echt is': sy oerdriuwt gauris as it oer har leafdeslibben giet. 
Miskien is it jo opfallen dat yn de earste sin oer en driuwe los faninoar steane en dat se yn de twadde sin byinoar bliuwe? Soartgelikense wurden mei ferskillende klam en betsjutting binne 'oerlade en oer'lade, oer'stimme en 'oerstimme. Wat binne de ferskillende betsjuttings fan dy wurden?

woensdag 29 januari 2014

Taalsystemen

Dit, dizze, dat en dy binne saneamde oanwizende foarnamwurden. Dit en dizze wize nei wat tichteby is, dat en dy nei wat fierderôf is: dit hûs, dizze kompjûter; dy stêd, dat famke.

Om nei tichteby of fierderôf wize te kinnen is der yn it Frasch (Noard-Frysk) in aardich trúkje. Foar tichteby wurdt oan it lidwurd 'heer(e)' (= hjir) tafoege en om fierôf te wizen wurdt 'deer(e)' (= dêr) oan it lidwurd tafoege:  jüheer, diheere en dåtheer
en foar dat en die binne der: jüdeer, dideere en dåtdeer.
Yn it Afrikaansk is der ek sa'n systeemke. Yn dy taal wurdt hier en daar foar it lidwurd plakt:
hierdie (Hierdie gebruiker is woonagtig in Suid-Afrika) en daardie (die winde het gewaai en teen daardie huis aangestorm).
De Noard-Friezen en de Afrikaanders sille dat grif net byinoar ôfsjoen hawwe, mar it is al in moaie tafallichheid.

dinsdag 21 januari 2014

Handbuch des Friesischen

Alle wittenskippen hawwe har eigen hânboeken dêr't alles wat der witten falt yn it koart yn beskreaun stiet. Foar de frisistyk - de wittenskip fan de Fryske taal - is der ek sa'n boek. Nuver genôch is it net Frysktalich, mar twatalich Dútsk-Ingelsk. It hyt it 'Handbuch des Friesischen/Handbook of Frisian studies' en is skreaun yn 2001. De tsjokke 'Bibel fan de frisistyk' is net goedkeap: wa't it hawwe wol, moat 155 euro deltelle.
Klik hjir foar mear ynformaasje

donderdag 9 januari 2014

skandlikheid en skandlikens

De wurden skandlikens en skandlikheid komme beide fan skandlik. Se betsjutte beide itselde: 'it skandlik wêzen'. Yn dizze sin kinne se beide brûkt wurde: de skandlikens/skandlikheid fan syn dwaan hat yn alle kranten stien.
Mar skandlikheid hat ek in konkrete betsjutting 'wat dat skandlik is', yn de sin 'dy skandlikheid hat elk it no noch oer' kin skandlikens net brûkt wurde. Skandlikheid kin ek yn it meartal: 'de skandlikheden dy't sy bedreaun hat'. Hjir kin skandlikens ek net, want dat kin gjin meartal hawwe: 'skandelikensen' bestiet net yn it Frysk.

vrijdag 3 januari 2014

Oft der ferbining is ...

Sy die krekt oft der neat te rêden wie. Yn dy sin is ‘oft’ in bynwurd (Holl. voegwoord). Sy die krekt is de haadsin en dat der neat te rêden wie is de bysin. Dy beide sinnen wurde troch ‘oft’ ferbûn. Yn witsto ek hoe let oft it is komt ek ‘oft’ foar en wer mei dy ferbiningsfunksje. Spitich dat yn sokke gefallen ‘oft’ gauris fergetten wurdt, wylst it dochs in logyske taalregel is. Oare foarbylden: ik wit net hoe âld oft er is; ik freegje my ôf wa oft dat dien hat; der stiet net by wannear oft it begjint, ensfh.. Yn sokke (gearstalde) sinnen wurdt ‘oft’ almeast ferfongen troch 't (apostrof + t). En dat smyt in lange rige fan oare bynwurden op: wannear't, doe't, hoe't, no't, sa't, mei't, wa't, wêr't, ensfh. ensfh.