vrijdag 16 mei 2014

Himpen finster



By Omrop Fryslân lêze wy geregeld dat der in ‘hennep’kwekerij oprôle is. Hennep is gewoan in hollanisme foar ‘himp’ of ‘hinnep’. Yn Standertnederlânsk is it hennep, mar yn Súd-Nederlân komt ek ‘kennep’ of ‘kemp’ foar. Oan dy k kin sjoen wurde dat dit wurd yn 'e fierte noch famylje is fan it wurd ‘kannabis’.
Behalven foar drugs wurd himp ek as grûnstof foar tou en klean brûkt. De iroanyske útdrukking ‘immen troch it himpen finster sjen litte’ betsjut immen ophingje; de strop is nammentlik makke fan himp. Himp is in moai Frysk wurd dat wy net samar ferfange moatte troch 'hennep', want sis no sels: ‘immen troch it hennepen finster sjen litte’, dat liket dochs nearne nei?