dinsdag 26 april 2016

De ranja komt jin ta de noas út

Oranjebitter is in tradisjoneel 'keningsdrankje', mar wurdt it oranjekleurige drankje ranja noch wol dronken? Ranja is in tsjokke, sûkerige en plakkerige floeistof dy't oanlinge wurdt mei wetter. Oarspronklik wie it in merknamme fan  de firma Polak út Grins, dy't it drankje sawat 100 jier yntrodusearre. De namme is mooglik in ferbastering fan 'orangeade', in âld wurd foar sinesapellimonade, of it komt fan 'naranja', it Spaansk wurd foar sinesapel.
De 'a' wurdt meast útsprutsen as de 'a' yn 'kanne' of 'Jan'. Fierder komt by it útsprekken de ranja jin om samar te sizzen ta de noas út:  de útspraak fan de 'nj' fan ranje giet troch de noas, krekt as yn 'anjer', 'franje' en ... 'oranje'.

donderdag 21 april 2016

Gerät, gerei, ark en reau

It Dútske Gerät betsjut apparaat of tastel. Dy taal hat ek Gerätschaft en it Nederlânske gereedschap is dêr famylje fan, hoewol't gereed ('klaar') wer wat oar is as it Dútske Gerät. De  Fryske wjergader is ridskip, dat wol wat liket op 'gereedschap'. It Frysk hat ek reau, dat etymologysk te meitsjen hat mei 'gerei' en 'gereedschap'. En wy hawwe ek noch ark dat al yn it Aldfrysk foarkaam as 'andwirk'.
Fan it Ingelsk wurdt faak sein dat it moai koarte wurdsjes hat, lykas 'tool' foar ark en reau, en soks nimme wy mar al te graach oer. Mar wat brûksumens oangiet, dogge ark en reau dêr net foar ûnder. In 'toolbar' kin ommers maklik oerset wurde mei 'arkbalke'.

donderdag 7 april 2016

Google Translate yn it Frysk

It Frysk stiet no ek op Google Translate. Geweldich moai fansels, want as je as lytse taal in bytsje takomstbestindich wêze wolle, moatte je wol digitaal te finen wêze. Dochs moatte je de oersettingen net al te letterlik nimme en is it de muoite wurdich om it nochris goed neisjen te litten. Stel, je wolle mei Falentyn je grutte leafde ferrasse mei it typyske Fryske sintsje ‘ik mei dy wol lije’, dan soe dy leafde by de oare helte wolris gau bekuolle wêze kinne. Google makket der nammentlik fan yn it Ingelsk: ‘I want you to suffer’. Dat klinkt mear as in drigemint dan as in leafdesutering. De sin út it Fryske folksliet ‘Flean op, en sjong it bêste lân fan ierde’, wurdt ‘Go to hell and sing the best country on earth’. Hawwe jimme noch mear nijsgjirrige oersettingen fûn? Lit in reaksje efter.