dinsdag 22 januari 2013

Mei tomme en wiisfinger

De nammen fan de fingers binne pink, ringfinger, middelfinger, wiisfinger en tomme. De pink wurdt ek wol lytse finger neamd, krekt as yn it Dútsk (Kleiner Finger) en Ingelsk (little finger). Tsjin de oare fingers wurdt wol foarste finger, grutte finger en ringeling sein. De Aldfryske nammen foar de fingers binne û.o. 'thî grâta finger' (de middelfinger), 'thî litika finger' of 'sluter' (lytse finger, pink). Foar tomme brûkten de âlde Friezen neist 'thuma' ek wol 'halder' (hâlder). Hat dy oantsjutting miskien wat te meitsjen mei it feit dat men de tomme brûkt om wat mei beet te hâlden (te omsluten)?

dinsdag 15 januari 2013

Ier en let

As it yn Ierlân noch ier is, is it yn Letlân al let;
As it yn Letlân nijjier is, is it dat yn Ierlân noch net.
 
Tiid is in relatyf begryp en it ferskil tusken de wurden ier en betiid is ek mar betreklik. As jo ôfpraat hawwe om op in jûn om acht oere earne te wêzen en jo komme dêr al om sân oere, dan binne jo net ier, mar wol hiel betiid. Moarns as de dei begjint, of sels noch begjinne moat, dat is ier (foar dei en foar dage, sis mar). Yn it Frysk wurdt dat wol fersterke mei moarns ier en betiid! (Early in the morning). In bytsje apart is, dat moarnsier, krekt as moarnier, as ien wurd skreaun wurde kin en jûns let mei twa wurden.

dinsdag 8 januari 2013

Sier



As men op de boat nei It Amelân giet falt jin op dat ien fan de boaten “Sier” hjit. Men freget jin ôf wat dat betsjut. It is de namme fan in doarp dat earder in pear kilometer súdwestlik fan Hollum lei. It is ien fan meardere doarpen op de eilannen dy’t yn de rin fan de lêste 500 jier ferdwûn binne trochdat de see troch noardwester stoarmen bytiden grutte happen nommen hat út de dunen en kwelders oan de westkant fan de eilannen. Oare foarbylden fan sokke ferdwûne doarpen binne West-Flylân en Westerbuorren op Skiermûntseach. Wat de namme Sier betsjut is net dúdlik: suggestjes wolkom!