As men op de boat nei It Amelân giet falt jin op dat
ien fan de boaten “Sier” hjit. Men freget jin ôf wat dat betsjut. It is de
namme fan in doarp dat earder in pear kilometer súdwestlik fan Hollum lei. It
is ien fan meardere doarpen op de eilannen dy’t yn de rin fan de lêste 500 jier
ferdwûn binne trochdat de see troch noardwester stoarmen bytiden grutte happen
nommen hat út de dunen en kwelders oan de westkant fan de eilannen. Oare
foarbylden fan sokke ferdwûne doarpen binne West-Flylân en Westerbuorren op
Skiermûntseach. Wat de namme Sier betsjut is net dúdlik: suggestjes wolkom!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten