woensdag 17 september 2014

Hûnewippers

Hast alle doarpen en stêden hawwe in skelnamme. Ljouwerters binne galgelapers, en yn Berltsum wenje Berltsumer hûntsjes. Faak sit der in ferhaal efter de oarsprong fan sa'n namme. Ynwenners fan Rinsumageast bygelyks binne hûnewippers. It hûnewippen wie earder in spultsje dat op ‘e Geastmer merke spile waard. Losrinnende hûnen waarden fongen en mei in tou om ‘e nekke oer de feart hinne ‘wipt’ of gisele. Manlju stiene dan klear om de hûn op te heinen, mar de hûn koe ek te pletter slaan tsjin de brêge. Dit wreed fermeits bestiet al lang net mear, mar yn de skelnamme wurdt it de ynwenners fan De Geast (mei rjocht en reden?) noch altyd neidroegen.

woensdag 10 september 2014

In bysûndere lieder

Mei it wurd lieder kin gids of liedsman bedoeld wêze, mar ek in kloklieder. It iene komt fan liede, Nederlânsk ‘leiden’, it oare fan ‘luiden’. In snieklokje is dat lytse wite blomke dat offisjeel in ‘liderke’ neamd wurdt. It bloeit al ier yn ‘e maitiid en faak leit der dan noch snie. Om syn kleur soe it blomke net opfalle. It soe wêze kinne dat yn ferbân mei it klokje de namme ‘liderke’ eins liederke (‘luidertje’) wêze moat. Mar dat is net sa: liderke komt fan lider, dat ‘lijer’ betsjut en it doelt derop dat it ‘earme’ plantsje yn de snie der lijerich útsjocht.

woensdag 3 september 2014

Protest

Yn ferskate Europeeske lannen gean de lêste tiid sprekkers fan in minderheidstaal de strjitte op om te demonstrearjen foar mear rjochten foar harren eigen taal. Op 9 april 2014 wie der yn Baskelân in demonstraasje tsjin de bemuoienis fan it Spaanske regear oangeande de Baskyske taal. Kataloanje ken ek in lang proses fan taalstriid, dy’t him faak yn it iepenbier ôfspilet. Yn Bretanje (Frankryk) binne de lêste jierren gauris demonstraasjes om op te kommen foar it Bretonsk en mear autonomy, de lêste wie yn maart 2014. Op 12 april 2014 gongen tûzenen minsken yn Belfâst (Ierlân) de strjitte te op om te pleitsjen foar mear rjochten foar it Iersk-Gaelic. Yn Fryslân demonstrearje we net gau foar ús eigen taal. De lêste grutte publike demonstraasje wie de romromfte Kneppelfreed yn 1951. Yn 2008 setten noch twa bussen Friezen ôf Nei Den Haach om te pleitsjen foar Frysk yn de Grûnwet.