dinsdag 30 oktober 2012

Keakelje as in hin



Tôk tôk, seit de hin. Mar in hin kin net tôkje, want hy kin de t net sizze. Om de t-klank út te sprekken sette wy de tongpunt tsjin de tosken. Dat kin sa'n bist fansels net. It Frysk hat ek kokke om it praten fan hinnen mei oan te tsjutten. Is kokke yn dit ferbân in better tiidwurd as tôkje?

dinsdag 23 oktober 2012

Moai, moaier, moaist

Eigenskipswurden wurde mei help fan graadbûging yn de fergrutsjende en oertreffende trep set: moai, moaier, moaist. It Ingelsk makket minder faak gebrûk fan graadbûging. Ingelsktaligen sette soms more en most foar it eigenskipswurd: it is more beautiful, the most beautiful place on earth. Hearre jo miskien ek dat it Frysk Ingelsker wurdt: ‘it meast moaie plak’ yn stee fan ‘it moaiste plak op ierde’?

dinsdag 16 oktober 2012

Skielk, mar net hastich

Us wurdsje skielk en it Hollânske schielijk hawwe beide mei tiid te meitsjen, mar der is in grut betsjuttingsferskil. Yn it Hollânsk wurdt in hommels en koart tiidsferrin bedoeld (b.g. in flugge beweging), wylst it yn it Frysk om in skoft giet fan dagen of wiken yn 'e takomst. Beide begripen dekke inoar perfoarst net. Sille wy se mar “falske freonen” neame?!

Wurdboek fan de Fryske Taal oer skielk
Woordenboek der Nederlandsche Taal oer schielijk
(set in finkje yn de fekjes 'subbetekenissen' en 'citaten')

vrijdag 12 oktober 2012

Hoe krijst it yn 'e plasse



In plasse is it boppeste, min ofte mear rûne part fan 'e holle, dat de harsens omslút; yn it Nederlânsk 'schedel'. In oare Fryske betsjutting fan plasse is ôfsnien útein fan wat bols, benammen it lêste of earste ôfsniene stik fan in bôle. Dat wurd 'plasse' is hiel wat oars as it Nederlânsk 'plas', dat ûnder oaren 'wetter dat op 'e dyk stean bliuwt' betsjut. Us plasse hat mooglik mei it Latynske wurd 'placenta' te krijen, dat '(moeder)koek' betsjut. Dat it mooglik dêr mei te krijen hat docht bliken út it feit dat yn oare talen it wurd 'plas' brûkt wurdt foar koeke of (krinte)bôle. Plasse foar 'schedel' of 'hersens' brûke wy yn in útrop as 'hoe krijst it yn 'e plasse'. En wat fine jo fan 'plassebasisfraktuer' as oersetting fan 'schedelbasisfractuur'?

dinsdag 9 oktober 2012

Parkearje?

Prakkeseare of prakkesearje? Kontroleare of kontrolearje? Negeare of negearje? It kin allegear, tiidwurden op -eare hawwe meastal in fariant op -earje. Utsûnderings lykje de wurden 'parkeare' en 'kampeare' te wêzen. Kenne jo miskien mear fan sokke útsûnderings? Of sizze jo wol 'parkearje' en 'kampearje'?

woensdag 3 oktober 2012

Papierfiskje

Op it gemeentehûs fan Burgum kinne de amtners sa hurd net skriuwe of de papierfiskjes frette de pinnefruchten fan de iverige amtlike inketslabbers alwer op. In papierfiskje is yn it Nederlânsk in papiervisje, ek wol boekenvisje of suikergast. De offisjele Fryske namme is papierbistke, mar de namme dy't Omrop Fryslân brûkt is ek gongber. It Fryske hat foar dizze lytse argyfwrotter dêrby noch in tal moaie folksnammen: boekewjirm, boekmot, fiskje, fiskmot, hurdrinner, ieltsje, klienkont, mot, motfiskje, motieltsje en papierfretter neamd. Boekewjirm is yn dit gefal in moaie dûbelsinnige namme.
Boarne: Omrop Fryslân .

dinsdag 2 oktober 2012

N, in bûtenwenstige letter

In soad plakken yn Fryslân hawwe in Bûtenwei, yn guon gefallen oanjûn as Bûtewei. Suver alle gearstallings mei 'bûten' hawwe dy n yn 'e midden, mar oarspronklik hie it Frysk dy letter dêr net. Soe it net better wêze en smyt dy (ûnfryske) n der wer út, ek al omdat it Frysk yn prinsipe gjin tusken-n hat? En dan ek mar hakkekruk en moallebrij?