Boarne: Omrop Fryslân .
woensdag 3 oktober 2012
Papierfiskje
Op it gemeentehûs fan Burgum kinne de amtners
sa hurd net skriuwe of de papierfiskjes frette de pinnefruchten fan de
iverige amtlike inketslabbers alwer op. In papierfiskje is yn it
Nederlânsk in papiervisje, ek wol boekenvisje of suikergast.
De offisjele Fryske namme is papierbistke, mar de namme dy't Omrop Fryslân brûkt is ek gongber. It Fryske hat foar dizze lytse argyfwrotter
dêrby noch in tal moaie folksnammen: boekewjirm, boekmot, fiskje,
fiskmot, hurdrinner, ieltsje, klienkont, mot, motfiskje, motieltsje en
papierfretter neamd. Boekewjirm is yn dit gefal in moaie dûbelsinnige
namme.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Is dit in ekstra Taalbaas op woansdei?
BeantwoordenVerwijderenYn 'e krante koe ik de rubryk net mear fine; is it nije formaat fan de LC dêr mandelich oan? Sa folle romte nimt it rubrykje oars net.
As der mear fan Taalbaas op dit stee ferskynt, fyn ik dat prima.
Moai aktueel, dy papierfiskjes;wy hawwe se ek wol op souder hân, sels yn Fryske boeken... in griis!!!
De oare beneamings dy't Taalbaas jout foar it fiskje binne ek tige nijsgjirrich, njonken Lepisma saccharina fansels. Dy Latynske namme sil mei sûker te meitsjen hawwe...
C. Veenendaal
Trimbeets
De LC is ophâlden mei Taalbaas. De rubryk hâldt lykwols net op, krekt oarsom! No't wy los binne fan it 'format' fan de LC kinne wy faker wat publisearje en ek mear yngean op de aktualiteit.
BeantwoordenVerwijderenTaalbaas is ek op Facebook en Twitter te finen: https://www.facebook.com/taalbaas