Us wurdsje skielk en it Hollânske schielijk
hawwe beide mei tiid te meitsjen, mar der is in grut
betsjuttingsferskil. Yn it Hollânsk wurdt in hommels en koart
tiidsferrin bedoeld (b.g. in flugge beweging), wylst it yn it Frysk om
in skoft giet fan dagen of wiken yn 'e takomst. Beide begripen dekke
inoar perfoarst net. Sille wy se mar “falske freonen” neame?!
Wurdboek fan de Fryske Taal oer skielk
Woordenboek der Nederlandsche Taal oer schielijk
(set in finkje yn de fekjes 'subbetekenissen' en 'citaten')
Geen opmerkingen:
Een reactie posten