In plasse is it boppeste, min ofte
mear rûne part fan 'e holle, dat de harsens omslút; yn it Nederlânsk 'schedel'.
In oare Fryske betsjutting fan plasse is ôfsnien útein fan wat bols, benammen
it lêste of earste ôfsniene stik fan in bôle. Dat wurd 'plasse' is hiel wat
oars as it Nederlânsk 'plas', dat ûnder oaren 'wetter dat op 'e dyk stean
bliuwt' betsjut. Us plasse hat mooglik mei it Latynske wurd 'placenta' te
krijen, dat '(moeder)koek' betsjut. Dat it mooglik dêr mei te krijen hat docht
bliken út it feit dat yn oare talen it wurd 'plas' brûkt wurdt foar koeke of
(krinte)bôle. Plasse foar 'schedel' of 'hersens' brûke wy yn in útrop as 'hoe
krijst it yn 'e plasse'. En wat fine jo fan 'plassebasisfraktuer' as oersetting
fan 'schedelbasisfractuur'?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten