dinsdag 27 september 2011

In jonkje of in famke?

In bern fan jins broer of suster, in omke- of muoikesizzer (tantesizzer kin ek), wurdt yn it Hollânsk neef (jonge) of nicht (famke) neamd. Oan de Fryske beneaming is net te sjen oft it om in jonge of in famke giet. By pake- en beppesizzer spilet itselde probleem. Soenen wy in kleindochter in pakesister neame moatte?

dinsdag 20 september 2011

Ferstiet in hûn gjin Frysk?

Fryske hûnebesitters prate as de hûn wat dwaan of litte moat gauris Nederlânsk. Dan roppe se: Hier!, Zoek!, Rustig!, Blijf! Soenen Fryske hûnen gjin Frysk ferstean? As jo fine dat jo hûn gjin Hollanner is, dan kinne jo de hûn kommandearje mei: Hjirre!, Sykje!, Rêstich, Bliuw!

dinsdag 13 september 2011

It keallet dreech

'Dreech' is in Frysk wurd foar 'moeilijk'. As in proses net sa flot ferrint, dan sizze je wol dat it 'dreech keallet'. Dat sei men earst allinne fan kij as it smiten fan in kealtsje net maklik gong. Soartgelikense byldspraak fine je yn de útdrukking 'it sit foar it krús' (het zit voor het bekken). Dat betsjut ek dat it ien of oar dreech giet.

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir:
dreech
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

dinsdag 6 september 2011

Wlixibama: Frysk foar Lissabon

De Portugeeske haadstêd Lissabon hiet yn midsieusk Frysk Wlixibama. De útspraak sil nei alle gedachten Oeliksibama west ha. Dat wie grif in ferbastering fan it Latynske Olisibona. Dat komt wer fan it Fenisyske Alis Ubbo ('fleurige baai').