dinsdag 13 september 2011

It keallet dreech

'Dreech' is in Frysk wurd foar 'moeilijk'. As in proses net sa flot ferrint, dan sizze je wol dat it 'dreech keallet'. Dat sei men earst allinne fan kij as it smiten fan in kealtsje net maklik gong. Soartgelikense byldspraak fine je yn de útdrukking 'it sit foar it krús' (het zit voor het bekken). Dat betsjut ek dat it ien of oar dreech giet.

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir:
dreech
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

4 opmerkingen:

  1. Efkes wat oer it kealjen. Der wurdt yn it stikje sprutsen oer it smiten fan in ko. Neffens my smyt in hynder en keallet in ko.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Oan de minsken dy't reagearre hawwe op it stikje 'It keallet dreech'.

    Achte hear/mefrou,

    Ferskate minsken ha reagearre op it Taalbaasstikje 'It keallet dreech' yn de Ljouwerter Krante. Ik wol hjirby antwurd jaan op twa fragen dy't yn de reaksjes steld waarden.

    Twa minsken seinen dat in ko gjin kealtsje smyt, mar keallet. Dêr ha dy minsken folslein gelyk oan. Yn it taalbazestikje lis ik lykwols yn in pear wurden út wat 'kealje' is en dêrfoar moat ik wol gebrûk meitsje fan de generike term 'smite', dy't net spesifyk is foar in beskate diersoarte. Sa kin fan de termen 'kealje', 'lamje' en 'bernje' sizze dat se de soartspesifike wurden foar smiten by kij, skiep en minsken. Uteraard soe men 'smite' yn in oare kontekst net sa gau brûke as der in soartspesifyk wurd foarhannen is.

    Op in ferlykbere manier kin men it wurd 'trêdzje' omskriuwe as 'it dekken fan fûgels', it wurd 'raam' as 'in manlik skiep' en 'in Fries' as 'in persoan út de provinsje Fryslân', wylst men uteraard nea sizze soe: "Hee, heit, de hoanne dekt de hin", "Wat hasto in moai manlik skiep kocht!" of "Syn dochter hie ferkearing mei in persoan út de provinsje Fryslân". It is in algemien prinsipe yn de taal dat wy in fraze mei in generike term fermije as der in spesifyk wurd foarhannen is. De taalkundige Paul Grice hat dat prinsipe wiidweidich beskreaun.

    In oare fraach fan in lêzer gong oer de kar fan it wurd 'dreech'. De lêzer sei dat er altyd 'it keallet swier' hearde. Dat is yndied de fariant dy't it measte foarkomt en de fariant dy't yn de wurdboeken foarkomt. It giet hjir lykwols net om in ferstienne konstruksje, mar om libbene byldspraak. As in kealtsje net maklik út de ko wei komt, dan sil de ien it kealjen as 'swier' omskriuwe en in oar as 'dreech'. Beide farianten komme foar. Ik neam in pear sinnen dy't op ynternet foarkomme:

    (1) Fansels hoopje wy op stipe fan 'e gemeente, mar wy witte allegear dat dat swier keallet. (Korfbalvereniging Mid-Fryslân)
    (2) Wy hawwe heard dat it swier keallet, graach opheldering op dit punt. (FNP)
    (3) Oanpak prachtwyk keallet swier (Omrop Fryslân)
    (4) Mar it keallet dochs swierder as ynearsten tocht. (Doarpssite Top en Twel)
    (5) It keallet swier mei it boek dat er skriuwe wol. (Jan Wybenga yn de Ljouwerter Krante)

    (1) Binne der artikels dy't noch wol folle better kinne, mar it finen fan nije ynfo keallet dreech, dan is der noch de artikelhifker. (Wikipedia)
    (2) In ûndernimmer hat der wol plak foar mar it keallet dreech. (Gemeente Boarnsterhim)
    (3) It keallet dreech mei de ICES- en ierdgas-jilden [...]. (Provinsje Fryslân)
    (4) De gemeente mei gjin nije projekten opsette / meiwurkje oan nije projekten, dus dat keallet dreech. (Doarpssite Reduzum)
    (5) As it bytiden dreech keallet mei my, [...] dan paksto ús poppeteater út [...]. (Abe de Vries yn De Moanne)

    Mochten der nei oanlieding fan it stikje yn de Ljouwerter of fan myn reaksje fragen opkomme, dan steane myn kollega-taalbazen en ik graach ta jo foldwaan.

    Mei freonlike groetnis,
    Henk Wolf

    BeantwoordenVerwijderen
  3. My wol eins net oan dat it wurd smite in generike term is en op alle bisten fan tapassing wêze kin.It smiten heart foar myn gefoel by in hynder, in ezel, in oaljefant, in sebra en is dus eins wol soartspesifyk. Fan in ko sprekt men net fan smiten. In knyn jonget en alle oare bisten kinne ek jongen krije.
    Cor Kooistra

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Dan is it fansels logysk dat jo nuver tsjin de wurdgroep 'it smiten fan in kealtsje' oansjogge. Doch is 'smiten' breder yn gebrûk. It WFT neamt 'smite' yn generike sin en jout foarbyldsinnen út de literatuer dêr't bargen en fee yn smite. Fierders jout it wurdboek by 'fersmite' noch in foarbyld fan in ree en stiet der sels in lemma 'kealfersmite' (ontijdig kalven) yn it wurdboek.

    Freonlike groetnis,
    Henk Wolf

    BeantwoordenVerwijderen