dinsdag 31 juli 2012

Hakkenkruk

De regel fan de tusken-n yn it Nederlânsk (pannenkoek) wolle guon Fryskskriuwers yn it Frysk ek tapasse. It Frysk hat dy regel lykwols net. Yn de measte gefallen wurde gearstallings yn it Frysk sûnder tusken-n skreaun. Sa is it b.g. tsjerkerie, boekebon, hinnehok, ledekeatsen. Mar dy tusken-n komt ál foar; tink mar oan groattenbrij, hakkenkruk ensfh.

dinsdag 24 juli 2012

‘Follesidich’ Frysk

Yn it Frysk kinne wy suver gjin wurden foarmje dy't mei ‘folle’ begjinne, lykas yn it Hollânsk mei ‘veel’. Wurden as veelbetekenend, veeleisend en veelzeggend moatte wy in omskriuwing foar betinke en dat is wier net sa dreech. Mar wy kinne veelzijdig moai nuansearre útdrukke: in alsidich keunstner, en in mearsidige (mjitkundige) figuer. Hat it Frysk hjir in bytsje mear?

dinsdag 17 juli 2012

Mei of sûnder it


Ik rin hurd, sy rint hurder, mar har broer rint hurdst. Is dat goed Frysk, of moat it perfoarst wêze: hy rint it hurdst? Hearre jo sa'n sin (noch) wolris sûnder lidwurd? En in oare fraach is: wêrom soe dat it der by moatte? Komt it fan taalgefoel, dat ús troch it Hollânsk optwongen is?

dinsdag 10 juli 2012

hikke en tein

Hikke en tein yn Sumar betsjut ‘berne en grutbrocht yn Sumar’. Hikke komt fan it tiidwurd hikje, dat ‘mei skokjes trochbrekke, útkomme (fan in aai)’ betsjut. It hat dus te meitsjen mei ‘te wrâld komme, berne wurde’, mar fanâlds ek mei ‘oansette, winne’ (Ned.: verwekken). Oanset, berne en grutbrocht yn Sumar, dus!

Sjoch ek: Hikke en Tein 
En: hikje, tsjen yn it Wurdboek fan de Fryske taal.
  (set in finkje yn de hokjes foar subbetekenissen  en citaten)

dinsdag 3 juli 2012

Suver net suver

De betsjutting fan it wurd suver kin omskreaun wurde mei wurden as skjin, ûnfermongen, kein, ûnbedoarn, oarspronklik, ûnbesmet. Allegearre yn 100% geunstige sin. Mar suver wurdt ek brûkt om oan te jaan dat it der hast op liket. Hy wit suver (hast) alles; dêr wurdst suver (hast) kjel fan. Is der in oar wurd yn it Frysk dat mei sa folle betsjuttingsferskil brûkt wurdt?

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal fan: suver
(Foar it folsleine artikel, set in finkje yn de hokjes 'subbetekenissen' en 'citaten')