De betsjutting fan it wurd suver kin omskreaun wurde mei wurden as skjin, ûnfermongen, kein, ûnbedoarn, oarspronklik, ûnbesmet. Allegearre yn 100% geunstige sin. Mar suver
wurdt ek brûkt om oan te jaan dat it der hast op liket. Hy wit suver
(hast) alles; dêr wurdst suver (hast) kjel fan. Is der in oar wurd yn it
Frysk dat mei sa folle betsjuttingsferskil brûkt wurdt?
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal fan: suver
(Foar it folsleine artikel, set in finkje yn de hokjes 'subbetekenissen' en 'citaten')
Eala,
BeantwoordenVerwijderenIk tink by in wurd mei in grut betsjuttingsferskil oan SKANDE.
Op in sportbarren kamen bern nei de lieder ta en fertelden dat se ferlern hienen. De lieder sei “skande”( bedoeld as “spitich”); in omsteander hearde dat en reagearde dat it hielendal gjin skande (schande) wie mar mear in gefal fan “jammer” (spitich).
Skande kin dus bedoeld wêze as “skande” of “spitich”.