Tuitjenhorn
Tuitjenhorn
is in doarp yn de kop fan Noard-Hollân, yn West-Fryslân. De namme liket
wakker Frysk. Mar: tuitje hat neat mei ús tútsje te krijen. It giet
werom op middelnederlânsk utinge dat begraffenis betsjut. Horn
betsjut hoeke en is itselde as it Fryske hoarne of herne. Dat wurd komt
yn alle Fryslannen yn plaknammen foar en is in oanwizing foar de eardere
taaloerienkomst.
Tuitjen fan utinge... nuver dat dy t nei foarren skood is. Soe dat faaks it selde proses west hawwe as by it telwurd tachtich?
BeantwoordenVerwijderenHawar, men moat tinke oan de eardere gemeentenamme Utingeradiel. Soe dêr ek in begraafplak west hawwe?
C. Veenendaal,
Trimbeets
Men soe yndied sizze dat de t yn it deistich praten nei foaren skood is, mar it is faaks earder sa dat it in relikt is fan it foarheaksel te: “te utinge horn”, sa as by ús de namme Toppenhuzen ûntstien is út “te oppenhuzen”.
BeantwoordenVerwijderenWat Utingeradiel oangiet. Dy namme hat wierskynlik te krijen mei fearten of rivieren dy’t inoar krústen by Aldeboarn: de rivier de Boarn fan east nei west en de Wytringa of Vtringa dy’t fan noard nei súd de Boarn krúste westlik fan Aldeboarn. Skiedskriuwer Winsemius ornearret yn 1622 dat nei alle gedachten dêrfan “het Deel den name becomen te hebben” (M.Bakker, yn: Toponomy fan Akkrum en Nes, Fryske Akademy, 1982).