dinsdag 19 juni 2012

Troanjemint, bakkes en antlit

It Frysk hat in hiel soad wurden foar de foarkant fan 'e holle: gesicht, antlit, oansicht, troanje, troanjemint, snút, tût, faasje, bakkes, bek, smoel,  útsicht, freet, fizelemint, postsegel, waffel, wezen, wêzen. It binne net allegear like fatsoenlike wurden. Hokker wurden brûke jo sels?

4 opmerkingen:

  1. Gesicht, snút, holle, kop, harsens.

    Groetnis,
    @ierdwyfke

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. By harsens tink ik oan wat der yn 'e plasse sit: (in bytsje) ferstân. In pars pro toto, sil 'k mar sizze, yn tsjinstelling ta holle en kop, dat men dus in proto pro parte neame kinne soe.
      Snút heart wol freonlik, wylst in hiel soad fan dy wurden in ûngeunstige gefoelswearde hawwe.
      De meast Fryske oantsjutting foar de foarkant fan 'e holle binne foar my antlit (in bytsje literêr hast) en troanje (algemien). Troanjemint fielt wer wat negatyf oan.
      Wurden dy't mei ge- begjinne hawwe yn it Frysk wat ûneigens en dêrom fyn ik gesicht eins gjin gesicht.

      C. Veenendaal
      Trimbeets

      Verwijderen
  2. dr. N.M. Postema, De Sweach.19 juni 2012 om 23:34

    Fan al dy wurden brûk ik der mar ien en dat is: antlit.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Wa't Taalbaas op 19 juny yn 'e krante sjoen hat, krige wat ekstra's deropta.Underoan de bledside stie in artikel fan fjouwer of fiif kolommen oer in ferbouwing yn Frjentsjer. It lêste wurd yn 'e kop boppe dat artikel kaam krekt ûnder de taalrubryk yn de rjochterkolom. It wurd wie: fasade. De sedille, dy't ik hjir net yntype kin, hie yn 'e krante in brike foarm, mar dat lit ik mar gewurde. It wurd sels like my hiel tapaslik...

    C. Veenendaal, Trimbeets

    BeantwoordenVerwijderen