dinsdag 27 maart 2012

Hefshuizen

Hefshuizen is de namme fan in eardere gemeente yn Noard-Grinslân, dy't bestie út de doarpen Uithuizen en Uithuizermeeden. De gemeente wie neamd nei it doarpke Hefswal. Dat hef komt fan it Aldfryske heef, dat see betsjut. Eartiids waard praat fan it "Grutte Heef", dêr't de Noardsee mei bedoeld waard. Moai of net? Yn it Noardfrysk komt it wurd noch foar yn heeflüpe (waadrinne).

Klik hjir om te sjen wat it Wurdboek fan de Fryske taal seit oer hêf
(en set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

dinsdag 20 maart 2012

Twitterje en tsjitterje

Op de ynternettsjinst Twitter wurdt twittere en in berjochtsje hjit tweet. Allegear ynternasjonaal, dus Ingelsk. As der in Fryske ferzje fan Twitter komt, soe dy moai Tsjitter hjitte kinne. En berjochtsjes skriuwe en publisearje is dan tsjitterje. En in stikje op Tsjitter soe dan in tsjit wêze?
Sj. ek: http://indigenoustweets.com/fy/

dinsdag 13 maart 2012

Twitter

Sa'n 2000 minsken en ynstânsjes twitterje Frysk en dy hawwe mei-inoar al 300.000 Fryske twitterberjochten skreaun. Stellings nijtsjes of gewoan de meidieling dat men pineholle hat of dat dy-en-dy it deaskoppen net wurdich is. Moai dat it Frysk ek op Twitter is: in taal dêr't net yn twittere wurdt is op stjerren nei dea.
Sjoch ek op: http://indigenoustweets.com/fy/ 

dinsdag 6 maart 2012

Fuort mei dakjes en streekjes?

Frysk typen giet folle flugger sûnder al dy dakjes en streekjes op 'e letters. Mar is it dan allegear noch wol dúdlik wat der bedoeld wurdt? Begripe jo dizze sintsjes dan noch wol: 
  • Les dyn les ris wer. 
  • De kruk hong oan de kruk. 
  • Dus de dus is stikken? 
  • In plus plus in plus is twa plussen.