woensdag 15 juli 2015

Lishoarnen út Livorno?

Leghorn (foto: Flickr, Marji Beach)
Guon wurden binne sa ferbastere dat je de oarspronklike wurden net mear weromkenne: Yn en om Drachten sizze de minsken tusearte foar (griene) beantsjes. Dat komt fan Turkse earte. Stynske weet is mais en komt fan Eastynjeske weet (‘Oostindische tarwe’). Gouden lyskes binne apels fan it ras golden delicious. En titelroas (‘narcis’) komt fan ‘tideloas’ dat wer fan it Nederlânske ‘tijloos’ komt (fgl. ‘herfsttijloos’). ‘Leg’ yn it Nederlânske ‘leghorn’ hat neat mei ‘leggen’ (lizze, aaien lizze) te meitsjen, nee it hinneras ‘leghorn’ is in ferbastering fan de Italiaanske plaknamme Legorno (hjoed-de-dei bekend as Livorno).

woensdag 1 juli 2015

Do, Jo, Pyt of Beppe?

Yn it Frysk kinst in oar oansprekke mei do/dû, of mei it it mear ôfstanlike jo. Dat is yn wol mear talen sa. Tink mar oan Dútsk (du/Sie), Frânsk (tu/vous) en Nederlânsk (jij/u). It Frysk hat dêrneist noch in oare oansprekfoarm: it oansprekken mei de foarnamme of de famyljerelaasje. It binne fral jonge minsken tsjin âlderen dy't dy wize fan oansprekken brûke. In beppesizzer dy't oan beppe freget: "Hoe giet it mei beppe?" of in jonge kollega dy't oan in âldere kollega (Pyt) freget: "Wol Pyt noch kofje?" Nei alle gedachten is dy manier fan oansprekken foar jonge Fryskpraters in manier om respektfol te wêzen foar in âlderenien oer, sûnder it ôfstanlike jo te brûken.