dinsdag 28 februari 2012

Piter Poasken



Yn de 18e ieu waard it stjerrebyld 'Vissen' yn it Frysk wol 'Piter Poasken' neamd. In poask is in slimerich fiskje (Nederlânsk: 'post'). Wy kenne hjoed de dei noch de útdrukking 'sa ferkâlden as in poask'. En fan ien dy't net sa grut fan stal is, kin men sizze: "It is mar sa'n poask."

Klik hjir foar wat it Wurdboek fan de Fryske taal seit oer poask
(set in finkje yn de hokjes 'subbetekenissen' en 'citaten')

dinsdag 21 februari 2012

It Suderleech


Grinslân, Drinte, Lelystêd, Utert - der binne om utens genôch plakken en streken mei in Fryske namme. Meastal liket dy namme in soad op de pleatslike namme. Okkerdeis fernamen wy dat Fryske bewenners fan de 'Noordoostpolder' harren wengebiet wol oantsjutte as 'It Suderleech'. Soe dat in gaadlike namme wêze kinne foar de 'Noordoostpolder'?

dinsdag 14 februari 2012

Gesneden bôle?


As it snijt, falt der snie. Immen dy't snijt, is in snider (fan it tiidwurd snide). Mar dat wurdt hast net mear brûkt. It snijde juster en it hat al faker snijd. Mar de bakker snie en hat snien. It rint yn it Frysk wat trochinoar. Sa is hy snijt, hy snijde en hy hat snijd gongber Frysk (wurden). It (regelmjittige) tiidwurd snije hat twa hiel ferskillende betsjuttings krige. Fine jo soks gjin taalferearming?

dinsdag 7 februari 2012

Skytmerakels

As ien it perfoarst net mei immen iens is, soed er fan lulkens sizze kinne: 'Ah ju, skyt omheech'. Dat heart rûch en sa is it yn sa'n gefal ek bedoeld. It tiidwurd skite wurdt – al hoe wichtich oft dy aktiviteit ek is – as ûnfoech beskôge. Sa kin it suver as flokwurd brûkt wurde. Mar it kin ek oars, sels tige posityf: is 'gelokskiter' net in moai Frysk wurd foar it Hollânske 'bofkont'?