dinsdag 7 februari 2012

Skytmerakels

As ien it perfoarst net mei immen iens is, soed er fan lulkens sizze kinne: 'Ah ju, skyt omheech'. Dat heart rûch en sa is it yn sa'n gefal ek bedoeld. It tiidwurd skite wurdt – al hoe wichtich oft dy aktiviteit ek is – as ûnfoech beskôge. Sa kin it suver as flokwurd brûkt wurde. Mar it kin ek oars, sels tige posityf: is 'gelokskiter' net in moai Frysk wurd foar it Hollânske 'bofkont'?

1 opmerking:

  1. Frette, skite, mige, dy wurden is op himsels neat mis mei. It is mar krekt yn hokfoar ferbân men se brûkt. Slagge se op bisten dan ha se gjin 'lading'. Op minsken betrutsen binne se ûnfoech. (Wize les fan myn beppe, likernôch 70 jier lyn.)

    BeantwoordenVerwijderen