dinsdag 30 augustus 2011

Mary Patsiik

Yn de 18de ieu waard it stjerrebyld Maagd yn it Frysk Mary Patsiik neamd. Patsje is in oar wurd foar tútsje en patsiik wol sizze dat Mary wat al te graach tútsje mocht. De namme Mary Patsiik sil dan ek grif in grapke west ha: de keine maagd waard ferfongen troch in gleon wyfke.

dinsdag 23 augustus 2011

Net Frysk genôch?

Men kin sile yn in sylboat en dan blaast de wyn yn it ... ? Just: yn it seil. Dochs hawwe in soad Friezen it oer it syl. Net ûnlogysk, wol ferkeard. Miskien fine sokke Friezen it logysker, want oars liket it foar harren net Frysk genôch.
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir:
seil
syl
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

dinsdag 16 augustus 2011

Yn Ingelum wenje gjin ingels

Yn Ingelum wenje grif aardige minsken, mar gjin ingels. Wêr't 'ingel' yn de namme Ingelum wei komt is net wis. Wierskynlik fan de namme "Engel", nei de Germaanske god Ingweo. Guon wolle ha de namme is noch fan de tiid dat de Angelen troch Fryslân teagen op wei nei wat no Ingelân is. Mar dat liket te moai om wier te wêzen.

dinsdag 9 augustus 2011

Karonje: aaklik frommeske

Paulus Akkerman beskriuwt yn it ferhaal ‘Oan ’t wiif’ (yn Foar de lins, 1968) in frommeske, oer wa’t er sa sydlings wat seit, as ‘dat âld karonje’. ‘Carogne’ is it Frânske wurd foar ‘aaklik frommeske’, ‘fekke’. Mar wit ien ek oft ‘karonje’ noch wol foarkomt yn de Fryske sprektaal fan hjoed de dei?
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir:
karonje
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

dinsdag 2 augustus 2011

Bitelige Lieuwe

Yn de 18de ieu waard it stjerrebyld 'Leeuw' yn it Frysk wol 'Bitelige Lieuwe' neamd. Lieuwe is net allinne in foarnamme, mar fansels ek in grapke mei de diersoarte liuw. It wurd 'bitelich' betsjut 'biterich'. In 'r' kin frij maklik yn in 'l' feroarje. Sinezen en Japanners hearre it ferskil tusken dy twa net iens!