dinsdag 2 augustus 2011

Bitelige Lieuwe

Yn de 18de ieu waard it stjerrebyld 'Leeuw' yn it Frysk wol 'Bitelige Lieuwe' neamd. Lieuwe is net allinne in foarnamme, mar fansels ek in grapke mei de diersoarte liuw. It wurd 'bitelich' betsjut 'biterich'. In 'r' kin frij maklik yn in 'l' feroarje. Sinezen en Japanners hearre it ferskil tusken dy twa net iens!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten