dinsdag 29 mei 2012

In grutte taal

Binne Frysk en Nederlânsk lytse talen? Nee, perfoarst net! Nei tal sprekkers (22 miljoen) is it Nederlânsk de 42e taal. Dêrmei heart it by de grutste ien persint fan de seistûzen talen fan de wrâld. It Frysk heart ek noch mei gemak by de tûzen grutste talen fan 'e wrâld.

dinsdag 22 mei 2012

Grêfstienfrysk

Wy krigen okkerdeis de fraach oft 'ÚS MEM' op in grêfstien in streekje krije moast. Wy skriuwe faak wol aksinten op haadletters, mar by drukletters litte wy se meast wei. Is de tekst hielendal yn haadletters, lykas op grêfstiennen, dan kin men better wol aksinten brûke om de tekst lêsber te hâlden.

dinsdag 15 mei 2012

Malgum

Wa't wolris op Flylân west hat komt yn de buert fan it "Posthuys" de namme Malgum tsjin: De namme liket op in Fryske plaknamme op –um: in kombinaasje fan in persoansnamme mei –heem (= hiem). Is it miskien in eardere delsetting earne tusken East-Flylân en West-Flylân? It frjemde is lykwols dat de namme yn de besteande literatuer net foarkomt. Wa kin dêr mear oer sizze?

dinsdag 8 mei 2012

Trijetalich ûnderwiis

Der binne sa'n fyftich trijetalige basisskoallen yn Fryslân. Op dy skoallen wurde de lessen om bar jûn yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. De bern leare dêr in soad fan. Dit jier binne middelbere skoallen yn Burgum, Wommels en Koudum ek begûn mei trijetalich ûnderwiis. Wat fine jo dêrfan?

dinsdag 1 mei 2012

Kompjûter of rekkenark?

It Fryske wurd kompjûter komt fan Ingelsk computer, dat oarspronklik ‘rekkenark’ of ‘rekkener’ betsjut. Yn it Súd-Afrikaansk seit men ek rekenaar, yn it Platdútsk is it reekner, yn it Beiersk Rechna. Moatte wy yn it Frysk kompjûter ferfange troch: rekkenizer, rekkener of rekkenark?