dinsdag 15 mei 2012

Malgum

Wa't wolris op Flylân west hat komt yn de buert fan it "Posthuys" de namme Malgum tsjin: De namme liket op in Fryske plaknamme op –um: in kombinaasje fan in persoansnamme mei –heem (= hiem). Is it miskien in eardere delsetting earne tusken East-Flylân en West-Flylân? It frjemde is lykwols dat de namme yn de besteande literatuer net foarkomt. Wa kin dêr mear oer sizze?

5 opmerkingen:

  1. De naam Vallei van Malghum of Malgum is afkomstig van een 18e eeuws gestrand schip waarvan de bemanning een besmettelijke ziekte had en daarom het dorp niet in mocht. ze bevakeerden tijdelijk bij hun wrak. Zuidelijk van de postweg is een kliene begraafplaats voor de overleden bemanningsleden

    BRON Vlieland van Hors tot Horn 1970 door TFJ Pronker en HM van Eck

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Michiel Muller-Flylân15 mei 2012 om 23:19

    De "Vallei van Malghum" tanket syn namme oan in skip dat yn'e 18e ieuw dêr by dy dúndelte op it strân rûn is. Under de bemanning gie in goarre om. Dêrom waard it harren ferbean om yn it doarp Oost-Vlieland te kommen en moasten se dêr by it wrak bivakkearje. De earme lijers dy't doe ferstoaren waarden dêr yn 'e dunen begroeven op it plak dêr't no it Bomenland is, de oaren binne letter wer ôfreize. Nei ferrin fan tiid wiene alle spoaren fan dat tydlike bivak ferwaaid en fergetten. Oant in goed hûndert jier lyn by it beplanten fan 'e dunen en it oanlizzen fan 'e dyk dy âlde bonken wer foar it ljocht kamen en dêrmei ek de âlde ferhalen. Sadwaande is der no oan'e súdkant fan de Postweg yn Bomenland noch in lyts omheine stikje grûn dat de Oude Begraafplaats neamd wurdt. Cornelis den Hartog, commies by it loadswezen, hat der doe yn 1907 op in moai boerd in rymke sette litten dat eltse Vlielander, alteast de âlderein, wol dreame kin:

    "Hier rust het stof uit vroeger dagen
    Geborgen in een houten kist:
    Wilt eerbied voor deez' rustplaats dragen
    Daar zulks plicht en menslijk is"

    It boppesteande haw ik út 'Vlieland, van Hors tot Horn' fan T.F.J. Pronker en H.M.van Eck (1972) dat ik jierren lyn noch yn de âlde AFUK-winkel oan de Emmakade kocht haw. Grif hat dit it lêste eksimplaar west, dat sa nuver is it net dat jim dit boekje út in rige oer de eilannen (útj. Knoop & Niemeijer-Haren Gn) net mear kenne. Opfallend: Ton Pronker skriuwt 'Vallei van Malghum' mei in "h" der yn; wittend hoe krekt hy altyd yn ditsoarte fan saken is, hat dit grif ek de namme fan dat skip west. Ik sil it nochris by him neifreegje.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Michiel Muller - Flylân17 mei 2012 om 10:56

    No fjirtich jier letter beskôget Ton Pronker dat boekje eins wat as in jeugdsûnde, sei er my juster, yn sân hasten skreaun op fersyk fan de útjouwer. Nee, hy hie sels noait neier ûndersyk nei de namme Malghum of Malgum dien. De krekte stavering fan plaknammen bekrôden de lju har earder net sa om. Hy hie dat wolris turve yn de brieven fan Michiel de Ruyter en kaam doe wol op 20 ferskillende skriuwwizen foar in selde plaknamme.
    En dan dy âlde bonken dy't letter opgroeven waarden, wa kin sizze hoe lang't dy dêr al lein hienen? En hoefolle bonken hawwe se doe eins fûn? Tsjinwurdich soe dêr de resjerge oan te pas komme lykas in pear jier lyn mei dy troch in jonkje opdolle bonken op Camping Stortemelk.
    En wer't dat skip mei de namme Malgum weikaam? Sels hat er altyd tocht oan Skandinavie, Malgum klinkt wol wat as Malmö. Dat dêrmei liket dit spoar dus dea te rinnen.
    Of dochs net? Want neffens de oerlevering wie dat strâne skip beladen mei swiete wyn út Malaga.
    Sa skriuwt it ANWB-blêd De Kampioen yn 1946 yn in opsomming fan toeristyske nijsgjirrichheden fan it eilân oer "de vallei van Malgum (genoemd naar een schip uit Malaga, dat hier eens strandde met een lading zoete wijn, wat een zéér bijzonder feest op Vlieland veroorzaakte".
    En dêr by dy swiete wyn leit neffens my de oplossing, want de Spaanske stêd Malaga waard troch de hollânske seelju yn 'e 17e-18e ieu ek wol Malgum neamd. Sa byg. yn it skipsjournaal fan Maarten H. Tromp op 20 maaie 1639 as er foar de kust fan Carune (=La Corunha) leit en noteart wat der lânskomt: "Den tweeden was van Londen, schipper Milteriniuy, comende van Malgum". Neffens in noat by de tekst waard dêr Malaga mei bedoeld. http://www.dbnl.org/tekst/_bij005193101_01/_bij005193101_01_0007.php
    Yn dat gefal soe Malgum fan Malaga komme en hat dy dúndelte har namme nei alle gedachten oan dy lading swiete wyn te tankjen. Op it plak fan de Spaanske stêd Malaga wie oait in eardere Phoenisyske delsetting Malha [malcha] dat "sâlt" betsjut, en de stêd wie ek bekend om it ynsâltsjen fan fisk.
    As dit allegear wier is, en it liket my sels ridlid plausibel, dan soe Malgum dus fan Malaga komme:
    de wyn smakke swiet, de kearn betsjut 'sâlt', mar it lot fan de bemanning wie bitter.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. N.B.
    Foar de datearring noch it folgjende: yn 1777 krigen de Posterijen by resolúsje fan de Staten van Holland en Westvriesland tastimming om ten bate fan de reders en hannelshuzen in postroute op te rjochtsjen fan Vlieland via Texel en Den Helder nei Amsterdam v.v. Neffens de ôfspraken moast in postiljon de post fan it doarp Oost-Vlieland nei it "Posthuis bij het pad van Malghum" bringe. In fearman brocht de post dan fierder nei 't Eijerland op Texel en werom. Dy posttsjinst hat oant 1927 bestien.

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Gjalt Jelsma, Afûk26 mei 2012 om 20:12

    Tank foar de reaksjes.

    De namme Malgum is dus net in Fryske plaknamme op –um, mar komt fan in op Flylân strâne skip. Mar yndirekt giet er dochs werom op in plaknamme: troch de namme fan it skip Malgum, dy’t nei alle gedachten werom giet op de Spaanske havenstêd Malaga, dy’t Hollânske seelju Malgum neamden.

    De namme Malgum foel my op doe’t ik ferline simmer in pear dagen op Frlylân wie. Ik tocht sels dat er mûlk weromgie op in útbuorren tusken it eardere West-Flylân en it Waad. Op âlde kaarten (18e/19e ieu) miende ik dêr it restant fan in griene kwelder te sjen. Rju tank foar it speurwurk fan Migiel Muller.

    Ik moat sizze dat ik thús yn myn reisgids foar de Waadeilannen (Waddeneilanden, ANWB, Den Haag, 1994, s.67) no seach dat dêryn de oarsprong fan de namme korrekt neamd wurdt: “Dit schip liep in de 18e eeuw op de Vlielander kust…” Dy gids jout reedlik nuansearre beskriuwings fan alle Waadeilannen.

    BeantwoordenVerwijderen