Wy
krigen okkerdeis de fraach oft 'ÚS MEM' op in grêfstien in streekje
krije moast. Wy skriuwe faak wol aksinten op haadletters, mar by
drukletters litte wy se meast wei. Is de tekst hielendal yn haadletters,
lykas op grêfstiennen, dan kin men better wol aksinten brûke om de
tekst lêsber te hâlden.
Taalbaas seit: "Wy skriuwe faak wol aksinten op haadletters, mar by drukletters litte wy se meast wei." Dat fyn ik nuver. Op haadletters (kapitalen) skriuw ik meast gjin aksinten! En drukletters, as dêr printletters mei bedoeld wurde, kinne ek lytse letters (ûnderkast) wêze. Wêrom soene lytse letters gjin aksinttekens krije?
BeantwoordenVerwijderenC. Veenendaal
Trimbeets
It is krekt oarsom as dat Taalbaas skriuwt. Wy skriuwe wól aksinten op drukletters, mar faaks nét op haadletters. En wêrom soene wy dat net dwaan? Benammen by de letter u is it wichtich foar de útspraak en dêrom fyn ik dat ek op haadletters een aksint pleatst wurde moat at dat nedich is.
BeantwoordenVerwijderenIt giet om it ferskil tusken haadletters dy't skreaun wurden en haadletters dy't drukt wurde. Yn it earste gefal wurde de diakrityske tekens meastal wol oanbrocht, yn it twadde gefal net. Dat hat nei alle gedachten te krijen mei technyske beheiningen út it ferline, dy't it dreech makken om dy diakrityske tekens yn drukwurk kreas boppe in haadletter te krijen.
BeantwoordenVerwijderenMar hjoed-de-deis is dat hiel maklik, dus wêrom net? Dan krijt men dus ek fan dy nuvere dingen as yn it twadielige, griene Frysk Wurdboek fan safolle jier lyn, dêr't alle wurden mei in haadletter begjinne, mar gjin ien dêrfan begjint mei in haadletter mei aksint, wylst der toch genôch wurden binne dy't dat hawwe moatte - hielendal yn in wurdboek. It kin, dus wêrom net, sis ik dan. It Skots Gaelic docht it ek standaart, en dat stiet ek prima.
BeantwoordenVerwijderenIk slút my oan by it ûnderskied dat Taalbaas makket. Begjinhaadletters yn in rinnende tekst kinne better sûnder aksint. Dêr binne typografyske redenen ta: it nimt minder romte yn om't de wytrigel lytser kin, en it jout in krekt wat rêstiger wurdbyld. Boppedat giet by it aksint op earste letters yn minstens 98% fan de gefallen om Un-, Unt-, Under-, Ut-, Us, Of- en Ald-. Dat rêdt him ek sûnder dakje of streepke wol.
BeantwoordenVerwijderenMar wannear't in tekst folslein yn haadletters is, dan wol graach de streepkes en dakjes. Dus: Aldeboarn, mar ÂLDEBOARN.