woensdag 30 september 2015

Trjinnen om te begjinnen?



'Beam' rimet op 'dream' en 'hûs' rimet op 'mûs', dat kin men sjen oan de gelikense skriuwwize fan de klanken. Mar yn it Frysk wurde deselde klanken soms op ferskillende wizen skreaun. Dan rimet it wol neffens de útspraak, mar net neffens de stavering. Sjoch mar ris nei de wurden 'bal' en 'hol' yn dit sintsje: sy trapet de bal / yn it mûzehol. En wat te tinken fan dit gefal: om te begjinnen / ferjit er syn triennen. It stikje 'iennen' yn 'triennen' sprekke wy op 'e selde wize út as 'jinnen' yn begjinnen.
Minsken dy't it Frysk skriuwen leare wolle, fine it faak hiel dreech dat deselde klanken (bygelyks 'iennen' en 'jinnen') mei ferskillende tekens skreaun wurde. Soarget dat foar triennen by it begjinnen?

woensdag 9 september 2015

Ierappels



De ierappel stiet yn Fryslân faak op it menu. Net sa frjemd dat er yn it Frysk ek faak yn allegearre siswizen en útdrukkingen opdûkt. 'In minske is gjin ierappel' kin men sizze om dúdlik te meitsjen dat in minske gefoelens en behoeften hat. Wa't in ierappel yn 'e sok hat, hat in gat yn 'e sok. Wa't wat docht 'tusken de ierappels en de brij', docht wat tusken de bedriuwen troch. En wa't in 'ierappelliif' hat, is grou. Wa't drokte makket om in kâlde ierappel, makket drokte om neat. De ierappel hat sels syn eigen tiidwurd yn it Frysk: ierappelje. Wa't ierappelet docht wurk dat te meitsjen hat mei it dollen en ynheljen fan ierappels.

woensdag 2 september 2015

Efterstebek werom



It Fryske ‘tebek’ soe yn it Nederlânsk letterlik ‘terug wêze moatte, want wy sjogge yn bek it Ingelske back = rêch/rug. Foar it Nederlânske ‘terug hat it Frysk ek ‘werom en dêr sit ‘om yn, dat mei ‘omdraaien te krijen hat. Jo kinne yn it Frysk dus op twa wizen werom gean: troch om te draaien (werom) en troch efterút te gean (tebek). Foar dat lêste hat it Frysk ek beklings, earslings, efterstebek en terêch. De fariant terêch liket sa bot op it Hollânske terug, dat it moat hast wol in ynterferinsje wêze en boppedat is mei dat wurd net dúdlik oft der omdraaie of efterstefoarst mei bedoeld wurdt. Soe terêch nammers noch wol brûkt wurde, of is it wat fan jierren ‘tebek’?