dinsdag 26 juni 2012
Tuitjenhorn
Tuitjenhorn
is in doarp yn de kop fan Noard-Hollân, yn West-Fryslân. De namme liket
wakker Frysk. Mar: tuitje hat neat mei ús tútsje te krijen. It giet
werom op middelnederlânsk utinge dat begraffenis betsjut. Horn
betsjut hoeke en is itselde as it Fryske hoarne of herne. Dat wurd komt
yn alle Fryslannen yn plaknammen foar en is in oanwizing foar de eardere
taaloerienkomst.
dinsdag 19 juni 2012
Troanjemint, bakkes en antlit
It
Frysk hat in hiel soad wurden foar de foarkant fan 'e holle: gesicht,
antlit, oansicht, troanje, troanjemint, snút, tût, faasje, bakkes, bek,
smoel, útsicht, freet, fizelemint, postsegel, waffel, wezen, wêzen. It
binne net allegear like fatsoenlike wurden. Hokker wurden brûke jo sels?
dinsdag 12 juni 2012
Fuotballerij
dinsdag 5 juni 2012
Primetime
It Ingelske lienwurd primetime
betsjut 'tiid dat in grut publyk nei de televyzje sjocht, jûns sawat
tusken 7 en 10 oere'. It Aldfrysk hat in soartgelikens wurd: prîmetîd, mei in hiele oare betsjutting: de tiid fan it earste gebed, moarns om 6 oere. Is primetiid gaadlik as oersetting foar primetime?
Abonneren op:
Posts (Atom)