dinsdag 24 december 2013

Boarre

Ien fan de bekendste Fryske boeken is Trinus Riemersma syn 'De reade bwarre'. It wurd 'bwarre' yn de titel wurdt meastal as 'boarre' skreaun. It ferwiist nei in mantsjekat. 'Boarre' is besibbe oan it Ingelske 'boar' (mantsjebaarch) en it Nederlânsk 'bear' (brûkt foar ferskillende manlike bisten). 'Kater' is nammers net perfoarst min Frysk - dat wurd waard healwei de 19e ieu al yn it Frysk brûkt as synonym fan 'boarre'.

woensdag 18 december 2013

God en goaden

Moat 'god' mei in haadletter of lytse letter? Dat hinget der fan ôf hoe't it brûkt wurdt. As it om in eigennamme giet, dan skriuwe wy it mei in haadletter: it gebod fan God, ûntsach hawwe foar God. Giet it om in godheid of goaden yn it algemien, dan moat it mei lytse letter skreaun wurde: de god fan it jild, bang wêze foar de goaden. En dan kin 'god' ek noch brûkt wurde as útropwurd: o God, no geane wy deroan! Dan wurdt God mei haadletter skreaun.

woensdag 11 december 2013

Konsekwinte bynwurden

Wurden lykas omdat, trochdat, neidat, ensfh. binne bynwurden (Holl. Voegwoorden). Se hawwe in febiningsfunksje yn gearstalde sinnen. Se einigje op dat, mar dat wurdt faak ferkoarte ta 't (apostrof + t). Om fan in wurd in bynwurd te meitsjen, moat der dat of (meastal) 't oan fêstplakt wurde. Foarbyld: hat er ferteld, wannear't er komt? Of: witsto, hoe't dat moat?. It Hollânsk hat dy apostrof +  t net, wylst it Frysk dêr hiel konsekwint yn is. Dat hat net altyd sa west. By it lêzen yn Rimen en Teltsjes falt it op dat dy 't faak ûntbrekt. De Halbertsma's wienen yn de njoggentjinde ieu sa konsekwint net as de Friezen fan hjoed-de-dei.

woensdag 4 december 2013

Stedfrysk is gewoan Hollânsk

Wy hearre noch geregeld minsken dy't de dialekten fan Fryske stêden lykas Ljouwert en Harns in mingfoarm neame fan Frysk en Nederlânsk. Dat is net korrekt. De namme 'Stedfrysk' makket de betizing noch grutter, want Stedfrysk is hielendal gjin Frysk. Eins is de taal fan de Fryske stêden gewoan Hollânsk. Hollânsk dialekt, wol te ferstean, oernommen út Hollân yn de tiid dat de Nederlânske standerttaal noch net bestie. Dy is nammentlik opboud út Hollânske, Brabânske, Flaamske en in pear East-Nederlânske eleminten.

woensdag 27 november 2013

De Fryske daarby, deurby of derby

De fryske skriuwwize fan Ingelske lienwurden soarget altyd wer foar aardige ferrassings. Nim bygelyks it Ingelske wurd 'derby' (Cambuur-It Hearrenfean, de Fryske derby). De regel seit dat derby 'op syn Ingelsk' en 'op syn Frysk' skreaun wurde kin. Op syn Frysk hâldt yn dat de 'Ingelske' útspraak neffens Fryske staveringsregels skreaun wurdt. Dan krije wy sokssawat as 'daarby' of 'deurby', want sa sawat sizze de Ingelsken dat. De Fryske 'daarby' of 'deurby'? Sille wy it mar op 'derby' hâlde?

donderdag 21 november 2013

Stavering, logysk ta 'n hichte

Hoewol't de letterkombinaasje -sj- yn in protte gefallen as in ienheid beskôge wurdt, is oan de skriuwwize fan in wurd as spaasje te sjen dat de skieding fan wurdlidden lein wurdt tusken de s en de j. Dat betsjut dat spaas in sletten wurdlid is (mei dûbel-a). It is dus net spa-sje (iepen wurdlid). Soks jildt ek foar ga-raaz-je (net ga-ra-zje), plys-je (net pli-sje), fyz-je (net fi-zje), so-lús-je (net so-lu-sje), yl-lúz-je (net yl-lu-zje) ensfh. Mar hoe sit it no mei it wurd stasjon (sta-sjon)?  Wêrom is it net staas-jon? Of sprekke jo stasjon wier mei in koart a-lûd út?

woensdag 13 november 2013

Frije

'Frije' (en it Nederlânske 'vrijen') is in bysûnder wurd, omdat wy deroan sjen kinne hoe't taal feroaret. Yn foaroarlochske literatuer wie 'frije' noch soks as 'flirte', 'hofmeitsje', 'ferkearing hawwe'. Ik ken it benammen yn de sin fan 'krûpe en tútsjeboartsje', mar slút net út dat it lizzende wurk der ek diel fan útmakket. En yn in skoaltelevyzjeprogramma foar bern hear ik no dat in televyzjedokter in strikt ûnderskied makket tusken 'zoenen' en 'vrijen'. Dat lêste is dan synonym mei 'neuke'.

Klik op frije om te sjen wat it Wurdboek fan de Fryske taal seit (set in finkje efter
subbetekenissen | citaten )

woensdag 6 november 2013

-ingen en -ings

Wurden op -ing kinne yn it meartal de útgong -en en -s hawwe: Ien beweging, twa bewegingen, twa bewegings. It wurddiel -ing kin útsprutsen wurde: 
as -ing (de i wurdt as de i yn hikke útsprutsen) 
as 'eng' (krekt as de i yn bygelyks aaklik: 'aaklek'). 
As it as 'bewegeng' útsprutsen wurdt, dan is it bewegings. Is de útspraak mei 'beweging', dan is it bewegingen. Wy sizze it meast 'beweging' mei i, dus leit it foar de hân om bewegingen te skriuwen.
De foarm op -s giet troch foar geef Frysk en de foarm mei -en soe dan minder goed wêze, omdat it Nederlânsk dy ek hat. Mar it hat dus neat mei min of geef Frysk te meitsjen.


Lês mear by -ing yn it Wurdboek fan de Fryske Taal

woensdag 30 oktober 2013

Hat krige in n krigen?

Wat is goed, wurdt gauris frege: 
  • ik haw in boek krige 
  • ik haw in boek krigen
It antwurd 'it kin beide' is de fragesteller net bot tefreden mei. Hoe sit dat dan? It tiidwurd krije kin op twa manieren bûgd wurde. Foarst mei yn de doetiid ik kriich, do kriichst, hy kriich en wy krigen in boek; dêr heart it mulwurd krigen by. It mulwurd (voltooid deelwoord) fan in sterk tiidwurd einiget altyd op in -n.
By de twadde ferbûging fan krije komt yn de doetiid ik krige, do krigest, hy krige en wy krigen. Yn 'e notiid  is it yn dat gefal nammers net do krijst en hy krijt, mar do krigest en hy kriget. Dat is de ferbûging fan in je-tiidwurd (bgl. hymje, foarmje) en dêr heart as mulwurd by: ik haw krige (sûnder n). Wat fine jo derfan dat jo kieze kinne út dy mooglikheden? Ien dy't it Frysk as nije taal leart, hat grif leaver ien foarskreaune ferbûging...


maandag 14 oktober 2013

Terp


Yn de Fryske dialekten yn Dútslân begjint it wurd foar 'doarp' mei in t-. It Noard-Frysk hat 'toorp' of 'taarep' en it Sealterfrysk hat 'têrp'. Nuver dan dat ús Frysk 'doarp' hat, mei in d-. Dat komt trochdat ús wurd 'doarp' in Hollânsk lienwurd is, dat oan de Fryske klank oanpast wurden is. It Aldfryske wurd mei in t- bestiet noch wol yn ús Frysk, mar it hat in oare betsjutting krigen. It ferwiist no nei de bulte dêr't de doarpen tradisjoneel op boud waarden: 'terp'.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer terp.
Klik op doarp en terp foar ynformaasje út it Wurdboek fan de Fryske Taal

vrijdag 20 september 2013

It unike Wûrsterfrysk fan Lân Wûrsten

Tusken Bremerhaven en Cuxhaven (Dútslân) oan oare kant rivier de Wezer leit "Land Wursten".  It is in stripe klaailân fan sa likernôch 100 km² grut foar de sânrêch tusken boppeneamde stêden.  Dêr lizze doarpen mei nammen as Weddewarden, Imsum, Mülsum, Misselwarden en Dorum. Dy nammen hearre aardich Frysk yn de earen en dat binne se ek.  Ien fan de ferneamdste systematyske terpôfgravings mei dy fan Ezinge (Grinslân) wie dy fan Feddersen Wierde yn Lân Wûrsten.
Nei alle gedachten hawwe Friezen út East-Fryslân har dêr omtrint 1000-1200 nei wenjen set. Dat it Friezen wiene docht bliken út it Wûrster Frysk dat dêr oant likernôch 1700 de taal west hat. Ut  dy tiid binne  twa wurdlisten mei in beskriuwing fan it Wûrster Frysk fan doe oerlevere. It fierdere East-Frysk tusken Iems en Wezer  wie doe al aardich yn it neigean rekke, útsein yn Harlingerlân en op Wangereach. Dat libbet hjoed-de-dei allinne noch fierder yn it Sealterlânsk.
It Wûrsterfrysk wie ta op in hichte unyk Frysk. Sa wie ien fan de bysûnderheden dat twaliddige wurden fan it Aldfrysk út har ûntjoegen ta ienliddige lykas sunu ta bygl. soan, ûntjoech him dat yn it Wûrsterfrysk krekt oarsom:  fan sunu ta snuh.  Lyksa Aldfrysk sumur (simmer) nei Wûrsterfrysk smuhr.

vrijdag 13 september 2013

By Dokkum om nei Rome en Jeruzalim

De nammen fan stêden en doarpen wurde wol yn sechjes en siswizen brûkt. 'By Dokkum om gean' betsjut  dat men gâns wurden nedich hat om wat te fertellen. Rome hat ek in plakje yn de taal krigen, omdat it in âlde, histoaryske stêd is. De útdrukking 'sa âld as de wei nei Rome' is ûntstien, om't it Romeinske Ryk as earste yn Europa ferhurde wegen oanlei. Mei Rome as wichtichste sintrum dêr alle wegen giene út wei giene.
De siswize 'in frjemdling yn Jeruzalim wêze' betsjut ûnbekend wêze mei de saken en persoanen fan de krite dêr't men wennet. Dat komt út de Bibel (Lukas 24:17). Twa manlju freegje dêr oan in foarbygonger oft er dan de iennichste is dy't frjemd yn Jeruzalim is, dat er net wit, wat him dêr de lêste dagen ôfspile hat. Dat sizze dy manlju omdat dy foarbygonger net op 'e hichte liket te wêzen mei de krusiging en opstanning fan Jezus, wylst elk it dêr doe oer hie.

vrijdag 23 augustus 2013

Klik en klyk

It Nederlânsk hat twa wurden 'kliek'. It iene kliek betsjut 'overschot van een maaltijd': (een kliekje hutspot), it oare kliek is 'besloten groepje personen die elkaar bevoordelen,' (dat bestuur  is een grote kliek). Dit lêste kliek is ûntliend oan it Frânsk clique. Yn it Frysk komt it foar as klyk ('in klyk fan profiteurs'). It Fryske wurd foar 'oerbleaun iten' is net klyk mar klik: 'in klikje opwaarme makaroany'. In oar wurd foar klikje is krouske. Krous is ek in oantsjutting foar de klean dy't men oan hat: de wiete of smoarge krous útdwaan. Dêryn binne krous en klyk ek synonym, want men kin ek de wiete of smoarge klyk útdwaan.

Klik op klyk en klik  foar mear ynformaasje.

donderdag 25 juli 2013

Steunkous of styphoas?

It rint yn de sprektaal soms nuver trochinoar. Fan âlds wurde skonken yn it Frysk beklaaid mei hoazzen (sprek út: ‘waazen'), in wurd dat noch wol gongber is yn de sprektaal. Fier foardat froulju pantys oandienen, droegen se hoazzen. Yn it Nederlânsk binne dat kousen. Der besteane ek hoazzen dy't net oan boppen ta oer de skonken strûpt wurde, mar ûnder de knibbel ophâlde. Dy hjitte yn it Nederlânsk kniekousen en soenen yn it Frysk eins knibbelhoazzen neamd wurde moatte. Yn de skriuwtaal komt dat ek wol foar, mar is it wol sprektaal? En steunkousen, binne dat yn it Frysk dan styphoazzen?

donderdag 18 juli 2013

In lekker wyntsje

Giet it yn ‘in lekker wyntsje’ om wyn as de frucht fan de wynstôk of om wyn as de beweging, streaming fan lucht? Twa wurden dy't in ferskillende betsjutting hawwe, mar gelikens útsprutsen en gauris gelikens skreaun wurde, wurde homonimen neamd. Wyn - wyn is sa'n wurdpear. In oar homonym wurdpear is hurd: ‘Dy auto rydt te hurd’ en ‘de iepen hurd baarnt mar bêst.’ By dit pear is der ferskil yn wurdsoarte, en dan falt al gau op dat it om twa ferskillende wurden giet. Mar by ‘wyn’ is suver alles itselde: de skriuwwize, de útspraak, de wurdsoarte, it meartal en it ferlytsingswurd. Yn sa'n gefal moat der wat mear omtekst by om it te begripen: ‘sile mei in lekker wyntsje yn it seil en in lekker wyntsje yn it glês.’

vrijdag 12 juli 2013

Dêr't de dyk it lân omklammet



  1. Yn it doarp dêr't er opgroeid is, wie mar ien skoalle.
  2. Wêr't er opgroeid is, wit ik net.
Yn de earste sin brûke wy dêr't, want it ferwiist nei doarp en yn de twadde sin stiet wêr't om't net bekend is wêr't it nei ferwiist: it kin fan alles wêze, yn in doarp of in stêd, of yn in oar lân. It bekende liet It Heitelân begjint mei dêr't de dyk it lân omklammet. Dêr wurdt it plak fan ferwizing ek net neamd, mar it plak is net alhiel ûnbeskaat. Der wurdt eins bedoeld: op it plak dêr't, ferlykje it Hollânske daar waar.
Yn it bûsboekje stiet by wike 6 de siswize: Wêr't wurden tekoartsjitte, sprekt de muzyk. Bedoeld wurdt fansels wannear't, op it stuit dat, of op it plak dêr't. Soe it om dy lêste mooglikheid út te drukken net better wêze om net wêr't, mar dêr't te brûken: daar waar?

donderdag 4 juli 2013

Whatsapp-aap en Facebook-bear?


As bern waarden wy warskôge om foaral goed op te passen. En ast al ris oer de skreef gean soest, dan kaamst yn de gefangenis en dan krigen je brea mei kikkerts. En as bern moasten je jûns as it tsjuster waard gau yn de hûs komme, want efter de hage sieten de kilekanen! Sokke warskôgings wurde ek wol berneskrik neamd. Mear foarbylden derfan binne de wâlhûn, in tinkbyldige hûn dy't bern yn it wetter lûke soe en Jeltsje-mei-it-kealtsje, in net-besteande frou dy't yn it nôt tahâlde soe. Hoe wurde de bern tsjintwurdich bang en benaud makke? Miskien mei de whatsapp-aap, de pingpakker of de facebook-bear dy't jin troch it skerm de smartphone ynlûkt?

vrijdag 28 juni 2013

Ferstrûpt en fertiisd


It earste part fan it wurd striptease is foar Frysktaligen hiel ienfâldich te begripen: Strippe is strûpe. Wy hawwe ek ferstrûpe en útstrûpe. Mar leit it twadde part ek sa foar de hân? Tease wurdt útsprutsen as tiis en reitsje wy yn dit ferbân ek yn 'e tiis? To tease betsjut pleagje, narje, mar to tease out is ek útinoar tiizje. De tinzen kinne ús yn 'e holle om tiizje. Yn 'e tiis en út 'e tiis kinne beide yn kombinaasje mei (al dûnsjend) de klean útstrûpe wol hiel tapaslik wêze.
Ingelsk en Frysk lizze soms beskamsum ticht byinoar.

dinsdag 28 mei 2013

Dei en dage

Ien fan de ferskillen tusken oan de iene kant Frysk en Ingelsk en oan de oare kant Nederlânsk en Dútsk, is dat de g yn de earstneamde talen gauris yn in j-eftich lûd feroare is. Nederlânsk dag en Dútsk Tag is yn it Frysk dei en yn it Ingelsk day. Oare foarbylden binne Frysk meie en Ingelsk (to) may oan de iene kant en Nederlânsk mogen en Dútsk mögen oan de oare kant: Ik mei him wol lije / ik mag hem niet. Yn it Frysk is de feroaring fan g nei in j-eftich lûd net altyd konsekwint trochfierd. Wy hawwe it oer ien dei, mar oer twa dagen. En ik jei en wy jeie op grut wyld, mar do jagest it hynder oer de kop.