woensdag 4 december 2013
Stedfrysk is gewoan Hollânsk
Wy hearre noch geregeld minsken dy't de dialekten fan Fryske stêden lykas Ljouwert en Harns in mingfoarm neame fan Frysk en Nederlânsk. Dat is net korrekt. De namme 'Stedfrysk' makket de betizing noch grutter, want Stedfrysk is hielendal gjin Frysk. Eins is de taal fan de Fryske stêden gewoan Hollânsk. Hollânsk dialekt, wol te ferstean, oernommen út Hollân yn de tiid dat de Nederlânske standerttaal noch net bestie. Dy is nammentlik opboud út Hollânske, Brabânske, Flaamske en in pear East-Nederlânske eleminten.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten