dinsdag 24 december 2013

Boarre

Ien fan de bekendste Fryske boeken is Trinus Riemersma syn 'De reade bwarre'. It wurd 'bwarre' yn de titel wurdt meastal as 'boarre' skreaun. It ferwiist nei in mantsjekat. 'Boarre' is besibbe oan it Ingelske 'boar' (mantsjebaarch) en it Nederlânsk 'bear' (brûkt foar ferskillende manlike bisten). 'Kater' is nammers net perfoarst min Frysk - dat wurd waard healwei de 19e ieu al yn it Frysk brûkt as synonym fan 'boarre'.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten