vrijdag 3 januari 2014

Oft der ferbining is ...

Sy die krekt oft der neat te rêden wie. Yn dy sin is ‘oft’ in bynwurd (Holl. voegwoord). Sy die krekt is de haadsin en dat der neat te rêden wie is de bysin. Dy beide sinnen wurde troch ‘oft’ ferbûn. Yn witsto ek hoe let oft it is komt ek ‘oft’ foar en wer mei dy ferbiningsfunksje. Spitich dat yn sokke gefallen ‘oft’ gauris fergetten wurdt, wylst it dochs in logyske taalregel is. Oare foarbylden: ik wit net hoe âld oft er is; ik freegje my ôf wa oft dat dien hat; der stiet net by wannear oft it begjint, ensfh.. Yn sokke (gearstalde) sinnen wurdt ‘oft’ almeast ferfongen troch 't (apostrof + t). En dat smyt in lange rige fan oare bynwurden op: wannear't, doe't, hoe't, no't, sa't, mei't, wa't, wêr't, ensfh. ensfh.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten