woensdag 29 januari 2014

Taalsystemen

Dit, dizze, dat en dy binne saneamde oanwizende foarnamwurden. Dit en dizze wize nei wat tichteby is, dat en dy nei wat fierderôf is: dit hûs, dizze kompjûter; dy stêd, dat famke.

Om nei tichteby of fierderôf wize te kinnen is der yn it Frasch (Noard-Frysk) in aardich trúkje. Foar tichteby wurdt oan it lidwurd 'heer(e)' (= hjir) tafoege en om fierôf te wizen wurdt 'deer(e)' (= dêr) oan it lidwurd tafoege:  jüheer, diheere en dåtheer
en foar dat en die binne der: jüdeer, dideere en dåtdeer.
Yn it Afrikaansk is der ek sa'n systeemke. Yn dy taal wurdt hier en daar foar it lidwurd plakt:
hierdie (Hierdie gebruiker is woonagtig in Suid-Afrika) en daardie (die winde het gewaai en teen daardie huis aangestorm).
De Noard-Friezen en de Afrikaanders sille dat grif net byinoar ôfsjoen hawwe, mar it is al in moaie tafallichheid.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten