donderdag 9 januari 2014

skandlikheid en skandlikens

De wurden skandlikens en skandlikheid komme beide fan skandlik. Se betsjutte beide itselde: 'it skandlik wêzen'. Yn dizze sin kinne se beide brûkt wurde: de skandlikens/skandlikheid fan syn dwaan hat yn alle kranten stien.
Mar skandlikheid hat ek in konkrete betsjutting 'wat dat skandlik is', yn de sin 'dy skandlikheid hat elk it no noch oer' kin skandlikens net brûkt wurde. Skandlikheid kin ek yn it meartal: 'de skandlikheden dy't sy bedreaun hat'. Hjir kin skandlikens ek net, want dat kin gjin meartal hawwe: 'skandelikensen' bestiet net yn it Frysk.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten