dinsdag 26 juli 2011

Reynkanarje

Yn it wurd digibeet binne digitaal en analfabeet mei-inoar ferbûn; it begjin fan it iene wurd raant gear mei de ein fan it oare wurd. Oar foarbyld: it is giel, it fljocht, stoart del en fljocht wer fierder. De oplossing fan dat riedling is: in reynkanarje.

dinsdag 19 juli 2011

Dokter of arts?

By sykte of ûngemak moat help komme fan immen dy't mear fan it minsklik lichem wit as in gewoan minske. Eartiids waard sa'n saakkundige yn de genêskeunst in sjirurgyn neamd. As er der foar trochleard hie, wie it in master. Noch bekender is de titel dokter. Yn it Frysk komt ek it wurd ‘arts’ wol foar, mar is dat net in hollanisme?

dinsdag 12 juli 2011

Lige hoecht net

De tiidwurdsfoarm yn hy liicht wurdt oars skreaun as yn hy hat liigd. De stam fan lige is (ik) liich en by hy of sy komt dêr in t efter. Foar de lêste letter(s) fan it ôfslutend mulwurd (voltooid deelwoord) moatte wy sjen nei de doetiidsfoarm: liigde. Hie dat ûnderskied om jo net hoegd?

dinsdag 5 juli 2011

Hette Bryklob

Yn de 18de ieu waard it stjerrebyld 'Kreeft' yn it Frysk wol 'Hette Bryklob' neamd. Hette is in Fryske foarnamme. It wurd 'lob' wie doedestiids in rûch wurd foar earm of skonk, te ferlykjen mei it hjoeddeiske 'poat'. De namme betsjut dus 'Hette mei de brike poat'.