woensdag 18 december 2013

God en goaden

Moat 'god' mei in haadletter of lytse letter? Dat hinget der fan ôf hoe't it brûkt wurdt. As it om in eigennamme giet, dan skriuwe wy it mei in haadletter: it gebod fan God, ûntsach hawwe foar God. Giet it om in godheid of goaden yn it algemien, dan moat it mei lytse letter skreaun wurde: de god fan it jild, bang wêze foar de goaden. En dan kin 'god' ek noch brûkt wurde as útropwurd: o God, no geane wy deroan! Dan wurdt God mei haadletter skreaun.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten