dinsdag 28 mei 2013
Dei en dage
Ien fan de ferskillen tusken oan de iene kant
Frysk en Ingelsk en oan de oare kant Nederlânsk en Dútsk, is dat de g yn de
earstneamde talen gauris yn in j-eftich lûd feroare is. Nederlânsk dag en Dútsk
Tag is yn it Frysk dei en yn it Ingelsk day. Oare foarbylden binne Frysk meie
en Ingelsk (to) may oan de iene kant en Nederlânsk mogen en Dútsk mögen oan de
oare kant: Ik mei him wol lije / ik mag hem niet. Yn it Frysk is de feroaring
fan g nei in j-eftich lûd net altyd konsekwint trochfierd. Wy hawwe it oer ien
dei, mar oer twa dagen. En ik jei en wy jeie op grut wyld, mar do jagest it
hynder oer de kop.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten