donderdag 2 mei 2013

Gearkomste

It wurd 'gearkomste' heart by in fersoarge foarm fan it Frysk, dy't soms as 'gearkomste-Frysk' oantsjut wurdt. Minsken tinke faak dat it giet om in moai, âld wurd dat bedrige wurdt troch it Nederlânske 'fergadering'. Dat is net korrekt. Sterker noch, it is eins oarsom. It wurd 'fergadering' komt út it Hollânsk, mar is al hiel lang yn gebrûk yn it Frysk. Puristen hawwe om 1850 hinne it wurd 'gearkomste' betocht en nuver genôch is dat wurd ridlik suksesfol wurden en wrot it no yn offisjeel gebrûk it âlder 'fergadering' út it stee.

1 opmerking:

  1. Yn gearkomste sit it elemint "gear", lykas dat yn in hiel soad Fryske wurden foarkomt (gearlûke, gearfetsje, gearstalle, ensfh.). It wurd past dêrom goed yn it Fryske taalsysteem en wurdt ek as typysk Frysk beskôge. Dat "fergadering" al lang lyn út it Hollânsk liend is, makket it noch net ta in Fryskeigen wurd, benammen net om't der in goede Fryske wjergader foar fûn is.
    "Gader" yn it Hollânske vergadering wurdt ek wol gearlutsen ta "gaar" (ik tink oan wurden as gaarkeuken en vergaarbak), mar dat heart wol hiel oarsas it Fryske twalûd. Dat gefoel fan Fryskens ferrifelet ús net!
    Lang lyn haw ik ris it wurd "fergearring" lêzen (ik wit net mear wêr) en hoewol't dat ek as moai en typysk Frysk oanfield wurdt, hat "gearkomste" krekt wat mear. Wát krekt is net maklik te sizzen, wat formelers faaks?
    It nei it Hollânsk útskaaiende "byienkomst" kin om my ek better troch gearkomst(e) ferfongen wurde.

    Mei groetnis
    C. Veenendaal, Trimbeets

    BeantwoordenVerwijderen