donderdag 25 april 2013

Kening, koaning en keuning

Yn de sprektaal brûke wy foar it Nederlânske wurd ‘koning’ meast ‘koaning’: Willem Alexander wurdt de nije koaning. Yn de skriuwtaal is it almeast kening. En dan bestiet ek noch de wat ûnbekendere foarm  keuning. Kening hat âlde papieren, want yn it Aldfrysk bestie dy foarm ek al. Mar yn it Aldfrysk komt de foarm koning likegoed foar, en der bestie ek in foarm kuning.
It liket derop dat hjoed-de-dei de betsjutting útmakket hokker foarm brûkt  wurdt: kening, koaning of keuning. De (skriuwtaal)foarm kening wurdt dan foaral brûkt foar de foarst dy't oer ús steld is. De winner fan in keatspartij wurdt keazen ta koaning en net ta kening. En de foarm keuning komt yn efternammen foar en wurdt yn it Frysk ek brûkt foar it aailizzende froulik ynsekt by in bijefolk.

Sjoch ek it Wurdboek fan de Fryske taal, by kening
(foar it folsleine artikel in finkje sette by 'subbetekenissen' en 'citaten')

3 opmerkingen:

  1. In keuning dy't aikes leit? It is al like bryk as de Nederlânske wet: de kening kin in man of in frou wêze, wat in keninginne nèt kin...(?)
    In froulik bist sil dochs in keninginne wêze moatte?! Keuning komt as famyljenamme foar, mar stiet net yn it hânwurdboek. De oare fariant fan kening, koaning, stiet al yn it hânwurdboek, mar foar my is it in misbaksel. Kening is moai geef Frysk; wat oars hawwe wy net nedich ("noadich" is ek net nedich).

    C. Veenendaal, Trimbeets

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Yn it Wurdboek fan de Fryske Taal komt de foarm 'keuning' foar yn de betsjutting 'bijenkoningin'. It mei frjemd lykje dat in 'manlik' wurd brûkt wurdt foar in froulike aktiviteit, mar it is wol út de faktaal fan de bijkers. Blykber tsjutte sy de 'bijenkoningin' sa oan. Yn it Frysk wurdt de foarm 'keninginne' likegoed ek wol brûkt. Noch in oare namme is 'moer'.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Dy bijkers wolle faaks harren saakkundigens oantoane mei in eigen faktaal en dêrmei bûtensteanders op in distânsje hâlde (dy binne sa dom dat se net iens witte dat in bijekeninginne in keuning is...), mar logysk besjoen doocht it net.
    It komt nammers wol faker foar dat taalflaters de saakkundigens op in beskaat mêd oantoane moatte...
    C. Veenendaal
    Trimbeets

    BeantwoordenVerwijderen