donderdag 4 april 2013

Mei jirpels teset


Der binne fan de jirpel in hiel soad rassen en ek in hiel soad wurden. Guon sizze ierappels, eardappels en oaren jerappels of jirpels. Mar der binne folle mear mooglikheden (earpels, ierpels ensfh.). Bekende rassen binne û.o. Reade Star, Borgers en Irenes. Hoefolle rassen soenen der wol net wêze? Ytjirpels wurde yn it Hollânsk wol consumptieaardappelen of tafelaardappelen neamd, mar sa deftich hoecht it yn it Frysk net. Om wer nije jirpels groeie te litten, wurde jirpels yn 'e grûn set: setters of setjirpels dus. Gjin poaters (!), want poatsje wurdt rinnen (oanpoatsje) mei bedoeld.
 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten