donderdag 11 april 2013

Talen hawwe gjin leeftyd

Wy krije in pear kear yn it jier de fraach oft it Frysk âlder is as it Hollânsk. Dy fraach is net te beantwurdzjen, want talen hawwe gjin leeftyd. Rûchwei tusken 100 foar Kristus en 600 nei Kristus lutsen der groepen Germanen troch Europa, dy't allegear min-ofte-mear deselde taal praten. Doe't se in fêst wenplak keazen, ûntstienen stadichwei ferskillen yn dy taal. Hjoed de dei binne dy ferskillen sa grut dat wy dat Germaansk opdiele yn ferskillende talen, mar dy binne allegear yn hiele lytse stapkes út ien oertaal ûntstien.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten