donderdag 25 juli 2013

Steunkous of styphoas?

It rint yn de sprektaal soms nuver trochinoar. Fan âlds wurde skonken yn it Frysk beklaaid mei hoazzen (sprek út: ‘waazen'), in wurd dat noch wol gongber is yn de sprektaal. Fier foardat froulju pantys oandienen, droegen se hoazzen. Yn it Nederlânsk binne dat kousen. Der besteane ek hoazzen dy't net oan boppen ta oer de skonken strûpt wurde, mar ûnder de knibbel ophâlde. Dy hjitte yn it Nederlânsk kniekousen en soenen yn it Frysk eins knibbelhoazzen neamd wurde moatte. Yn de skriuwtaal komt dat ek wol foar, mar is it wol sprektaal? En steunkousen, binne dat yn it Frysk dan styphoazzen?

2 opmerkingen:

  1. Ik haw 'kniekous' op google opsocht by 'vertalen'. It docht bliken dat fierwei de measte Europeeske talen dit wurd oersette mei 'kompresjesok of -hoas'. 'Elestykhoas' of 'ilestykhoas' soe ek kinne. 'Kniekousen' skynt typysk Hollânsk te wêzen. Dat wurd wurdt allinne fertaald mei 'sokken'. 'Knibbelsok' heart my hiel natuerlik yn 'e earen. 'Styphoazzen' kin ècht net, hear. Wy sizze ek net 'stypsoallen', mar 'steunsoallen'. 'Steunhoazzen' soe ek kinne, mar ik fyn 'kompresjehoazzen' miskien wol sa moai.
    groet, Lútsen

    BeantwoordenVerwijderen
  2. knibbelsokken, knibbelhoazzen heart my as gewoan Frysk yn 'e earen, hoewol't dy dingen likegoed kûtsokken en kûthoazzen neamd wurde kinne soenen (liket my sels krekter).
    Styp- of stipehoazzen heart yndie ûnecht, mar earlik sein is dat min út te lizzen (wat is der ferkeard oan?). Kompresjehoazzen is in moai wurd, mar eins te moai, om net te sizzen útwrydsk en dêr hâlde Friezen net sa fan. Elestyk- of ilestykhoas wurdt wol brûkt. In stik klean kin beneamd wurde nei doel of funksje (yn dit gefal stipe of kompresje), mar ek nei it materiaal dêr't it fan makke is. Elestiken hoazzen ferkoarstje ta elestykhoazzen soe dus skoan kinne. Der binne ek nylon hoazzen of koartersein nylons. By de eartskommende staveringsoanpassing soe dat feroare wurde moatte yn nijlons, mar dat is in oar ferhaal.
    Groetnis út Trimbeets,
    C. Veenendaal

    BeantwoordenVerwijderen