- Yn it doarp dêr't er opgroeid is, wie mar ien skoalle.
- Wêr't er opgroeid is, wit ik net.
Yn de earste
sin brûke wy dêr't, want it ferwiist nei doarp en yn de twadde sin stiet wêr't
om't net bekend is wêr't it nei ferwiist: it kin fan alles wêze, yn in doarp of
in stêd, of yn in oar lân. It bekende liet It Heitelân begjint mei dêr't de dyk
it lân omklammet. Dêr wurdt it plak fan ferwizing ek net neamd, mar it plak is
net alhiel ûnbeskaat. Der wurdt eins bedoeld: op it plak dêr't, ferlykje it
Hollânske daar waar.
Yn it bûsboekje stiet by wike 6 de siswize: Wêr't
wurden tekoartsjitte, sprekt de muzyk. Bedoeld wurdt fansels wannear't, op it
stuit dat, of op it plak dêr't. Soe it om dy lêste mooglikheid út te drukken
net better wêze om net wêr't, mar dêr't te brûken: daar waar?
Krekt op 'e tiid, want foar my as ymport is 'dêr't of wêr't' wolris lêstich te begripen. Tige dank!
BeantwoordenVerwijderenZo
BeantwoordenVerwijderenSa ontroerend