donderdag 21 november 2013
Stavering, logysk ta 'n hichte
Hoewol't de letterkombinaasje -sj- yn in protte gefallen as in ienheid beskôge wurdt, is oan de skriuwwize fan in wurd as spaasje te sjen dat de skieding fan wurdlidden lein wurdt tusken de s en de j. Dat betsjut dat spaas in sletten wurdlid is (mei dûbel-a). It is dus net spa-sje (iepen wurdlid). Soks jildt ek foar ga-raaz-je (net ga-ra-zje), plys-je (net pli-sje), fyz-je (net fi-zje), so-lús-je (net so-lu-sje), yl-lúz-je (net yl-lu-zje) ensfh. Mar hoe sit it no mei it wurd stasjon (sta-sjon)? Wêrom is it net staas-jon? Of sprekke jo stasjon wier mei in koart a-lûd út?
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten