dinsdag 21 februari 2012

It Suderleech


Grinslân, Drinte, Lelystêd, Utert - der binne om utens genôch plakken en streken mei in Fryske namme. Meastal liket dy namme in soad op de pleatslike namme. Okkerdeis fernamen wy dat Fryske bewenners fan de 'Noordoostpolder' harren wengebiet wol oantsjutte as 'It Suderleech'. Soe dat in gaadlike namme wêze kinne foar de 'Noordoostpolder'?

1 opmerking:

  1. Rein Strikwerda27 april 2012 om 13:18

    Yndied in treflik idee! De namme ferwiist nei it Noarderleech en kaam tocht my by Fedde Schurer wei. Sjirk van der Burg (destiids studint yn Utert, letter earste oanlieding ta Kneppelfreed) naam him oer yn trije wiidweidige artikels (‘skôgings’) yn it Frysk Studinte Almenak (1940, ’41 en ’42). Dêryn gong er der mei fjoer foar yn ’e pleit dat alteast it noardlike diel fan it nije lân by Fryslân foege en troch Fryske minsken befolke wurde soe. Dat levere yn it Almenak 1942 it folgjende ‘Stikeltsje’ op.
    Op Scriba [sa’t Sjirk him neamde salang’t er skriuwer fan de Almenakredaksje wie] en it Suderleech: Hy biklugge him, as d’ aeberre de pod. (Sprekwurden fan Burmania.)

    BeantwoordenVerwijderen