dinsdag 20 maart 2012

Twitterje en tsjitterje

Op de ynternettsjinst Twitter wurdt twittere en in berjochtsje hjit tweet. Allegear ynternasjonaal, dus Ingelsk. As der in Fryske ferzje fan Twitter komt, soe dy moai Tsjitter hjitte kinne. En berjochtsjes skriuwe en publisearje is dan tsjitterje. En in stikje op Tsjitter soe dan in tsjit wêze?
Sj. ek: http://indigenoustweets.com/fy/

4 opmerkingen:

  1. goeie Taal Baas, soene wy yn it ramt fan KH 2018 meikoarten ris prate kinne? Der is fansels in Idee, it soe de baas wêze as jo jo baas taalskynwerper dêr ris op rjochtsje wolle soene? Myn mail is abedevries@hotmail.com.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Fansels liket tsjitterje moai op twitterje, mar sjoen de betsjutting soe’k dochs leaver kieze foar tsjetterje, Tsjetter en in tsjet. Dat tsjet sprekke jo ek nochris krekt sa út as it Ingelske chat. Tsjitterje is kibje, wylst tsjetterje kwetterje is. Boppedat betsjut “earne fan tsjetterje” ”wat trochfertelle” en dat is faaks krekt wat der bart op it ynternet. As wy dochs Twitter omsette wolle nei it Frysk dan kies ik foar Tsjetter.
    Mei de freonlike groetnis fan Klaas Vriesema út Grou.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Vriesema, ik bin it folslein mei jo iens. Tsjetterje en tsjet is wat lichter fan toan as tsjitterje en tsjit. Boppedat liket 'tsjit' nei myn idee ek tefolle op it by de jongerein populêre 'shit'.
      Mei freonlike groetnis.

      Verwijderen
  3. Sjoch ek op http://fjoerfoks.blogspot.com/2012/03/twitter-yn-it-frysk.html ast Twitter ek yn it Frysk wolst!

    BeantwoordenVerwijderen