dinsdag 20 september 2011

Ferstiet in hûn gjin Frysk?

Fryske hûnebesitters prate as de hûn wat dwaan of litte moat gauris Nederlânsk. Dan roppe se: Hier!, Zoek!, Rustig!, Blijf! Soenen Fryske hûnen gjin Frysk ferstean? As jo fine dat jo hûn gjin Hollanner is, dan kinne jo de hûn kommandearje mei: Hjirre!, Sykje!, Rêstich, Bliuw!

1 opmerking:

  1. Us hûn is in stabij en dy ferstiet allinne mar Frysk en dan is er ek noch tige dôfhûdich! Foar de baas is it wol ris in toer om net yn it Hollânsk oer te gean: Zoek is moai koart, dat wurdt by my dan syk en dat is net sa geef, hier wurdt hjir en dat kin wol.Bliuw is ek gjin probleem. Koest en braaf binne myn oare wurden tsjin Lobke.meastal.

    BeantwoordenVerwijderen