De nammen fan de fingers
binne pink, ringfinger, middelfinger, wiisfinger en tomme. De pink wurdt ek wol
lytse finger neamd, krekt as yn it Dútsk (Kleiner Finger) en Ingelsk (little
finger). Tsjin de oare fingers wurdt wol foarste finger, grutte finger en
ringeling sein.
De Aldfryske nammen foar de fingers binne û.o. 'thî
grâta finger' (de middelfinger), 'thî litika finger' of 'sluter' (lytse finger,
pink). Foar tomme brûkten de âlde Friezen neist 'thuma' ek wol 'halder'
(hâlder). Hat dy oantsjutting miskien wat te meitsjen mei it feit dat men de
tomme brûkt om wat mei beet te hâlden (te omsluten)?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten