dinsdag 26 april 2016

De ranja komt jin ta de noas út

Oranjebitter is in tradisjoneel 'keningsdrankje', mar wurdt it oranjekleurige drankje ranja noch wol dronken? Ranja is in tsjokke, sûkerige en plakkerige floeistof dy't oanlinge wurdt mei wetter. Oarspronklik wie it in merknamme fan  de firma Polak út Grins, dy't it drankje sawat 100 jier yntrodusearre. De namme is mooglik in ferbastering fan 'orangeade', in âld wurd foar sinesapellimonade, of it komt fan 'naranja', it Spaansk wurd foar sinesapel.
De 'a' wurdt meast útsprutsen as de 'a' yn 'kanne' of 'Jan'. Fierder komt by it útsprekken de ranja jin om samar te sizzen ta de noas út:  de útspraak fan de 'nj' fan ranje giet troch de noas, krekt as yn 'anjer', 'franje' en ... 'oranje'.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten