woensdag 4 mei 2016

Frysk as taal fan de legere sosjale klasse?


“As a regional language in the Netherlands, Frisian is only spoken by a certain demographic, specifically rural, lower-class people, in contrast with the Dutch speaking upper-class.”

Boppesteande sin is gjin provokaasje fan Taalbaas, mar in sin dy’t te finen is op de Ingelske Wikipedia dy’t oer de Fryske taal giet. De referinsje fan it boppesteande sitaat ferwiist nei in artikel troch Pieter van der Plank (Frisian language use and ethnic identity) út 1987. Jaja, in tige aktuele boarne. De status fan talen binne altyd in ûntwikkeling en kinne nea fêst set wurde sa as op dizze wize dien wurdt. It soe dêrneist ynhâlde dat heger oplate minsken (hast) gjin Frysk prate.
It wurdt tiid dat it grutte taalûndersyk fan de Fryske Akademy útkomt én dat dizze passaazje op Wikipedia oanpast wurdt!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten