woensdag 25 mei 2016

It Fryske hynder

It Fryske hynder is populêr oer de hiele wrâld. Mar wer komt it wurd ‘hynder’ wei? Hjoed-de-dei skriuwe en sizze wy meast ‘hynder’, mar earder waarden de foarmen ‘hynsder’ en ‘hynzer’ ek wol brûkt. De s en z yn dy wurden wize nei de oarsprong fan it wurd: it is gearstald út hynst + dier. Yn it Aldfrysk fan foar 1500 waard ‘hynder’ noch sein en skreaun as ‘hengstdiār’. Yn de iuwen dêrnei feroare de útspraak hieltyd mear en is er útkommen by ús ‘hynder’.
 
Yn it âldere Frysk (en it Aldfrysk fan foar 1500) komme wy foar ‘hynder’ ek ‘hors’ en ‘hoars’ tsjin, dêr’t dúdlik it Ingelske ‘horse’ yn werom te kennen is. Dat âlde ‘hoars’ komt yn ús tiid werom yn de ferfrysking fan ‘nijlpaard’: nylhoars (yn stienkoal-ingelsk ‘nilehorse’, yn echt Ingelsk ‘hippopotamus’).
  • Sjoch ek yn it Wurdboek fan de Frysk taal, by hynder en hoars (finkjes sette foar 'subbetekenissen' en 'citaten').

1 opmerking:

  1. Ja just, no is it ek dúdlik wêrom't yn wurden lykas hynsteride, hynstesport en hynstestal in s stiet; dy wiist werom nei de âlde foerm hynst.
    Dat is moai!

    C. Veenendaal
    Trimbeets

    BeantwoordenVerwijderen